50 jierrich bestean ‘Trim je fit’ · Foto('s): Sake Beerstra
  Sake Beerstra

50 jierrich bestean ‘Trim je fit’

woensdag 27 mei 2015

Húsfroulju gymnastykferiening ‘Trim je fit’ fan Kollumersweach e.o. fiere har 50-jierrich bestean. Tiisdei 26 maaie wie it grut feest by de catering fan Riekele Veenstra oan de Foarwei yn Kollumersweach. Fanôf  healwei fjouweren oant in oere as acht de jûns, wie it der in gesellige boel mei kofjedrinke, spultsjesdwaan en lekker ite. It wiene de froulju fan de gymnastykferiening ‘Trim je fit’ dy’t harren 50-jierrich bestean fierden.

Troch Doete Henstra waard it ferline efkes yn grutte halen werom helle. It wie 1965 doe’t Janny Den Outer, wyksuster fan Sweagerfean en omkriten, it yn’e holle krige om mei har freondinne Anna Vogelzang de húsfroulju oan te setten om ris in stap oerdwers te setten en it oanrjocht en alle húslike wederwaardigheden te ferlitten en ien jûn yn’e wike te sporten. Dêrmei waard der in earste stap set op it mêd fan de emansipaasje.

Suster Den Outer hie wol plak, dat yn har domisylje It Griene Krús gebouw oan de Koarteloane, waard úteinset mei in fyftjintal froulju (al aardich op leeftiid) en foar de lieding fan dit yllústere selskip waard Kees en Kieke (Kees Feenstra) oanlutsen, want Kees hie ûnderfining mei it jaan fan gymnastyk en it beoefenjen fan sport. Yn 2015 binne it noch in 16-tal leden en wurdt der alle wiken op woansdeijûn sport yn de sportseal de Saedkampe yn Kollumersweach.

De leden binne tige trou mar stadichoan wurdt it oantal lytser en grizer fan hier. Nettsjinsteande dit lêste, libbet ‘Trim je fit’ as in hert.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio