Be Quick Dokkum 35+ wint het derde Schilderbedrijf Nutma toernooi · Foto('s): 

Be Quick Dokkum 35+ wint het derde Schilderbedrijf Nutma toernooi

zondag 10 juni 2018

Op inisjatyf fan Arnold Nutma wie der ôfrûne freedtejûn, om it seizoen 2017-2018 ôf te sluten, in toernoai tusken de ploegen De Westereen 35+, Be-Quick D 35+, De Golden Oldies 35/45+ en de ploech wêr’t sponsor Arnold Nutma sels diel fan útmakket Ropta Boys 45+. It wie prachtich moai fuotbal waar op sportpark “De Fiver”.

Sa no en dan in dripke wetter yn Easternijtsjerk, mar dat koe it plesier net bedearre. Der is efkes moai fuotballe troch de fjouwer sân-tallen mei Be-Quick D 35+ as terjochte winner. Hja pakten sân punten út trije wedstriden. Allinnich De Westereen 35+ koe de ploech út Dokkum op in puntendieling hâlde en wa’t twadde. De Golden Oldies 35/45+ pakte krekt it tredde plakje op doelsaldo fan Ropta Boys 45+ mei elk trije punten.

Barbecueë
Nei ôfrin fan it toernoai hie sponsor Arnold Nutma in foar treflike barbecue mei salades regele. Elkenien koe hearlik oan it barbecueë nei trije wedstriden fan fiifentweintich minuten fuotbaljen. Der wie mear as genôch salade en fleis en it wie beregesellich nei ôfrin yn’e tinte neist de kantine fan de v.v. Ropta Boys. Derneist binne wy as spilers ôfrûne freedtejûn tige bedjert. Om’t skildersbedriuw Nutma ek haadsponsor is fan Ropta Boys en foaral de grutte en jierrenlange sponsor is fan Ropta Boys 1, wie de bestjinning in goeie hannen fan Ropta Boys by Gert van der Meulen en Gerard Peter Weidenaar. Hja hawwe de hiele jûn ûs fersoarge fan bier en fris. Fierder noch tank oan de skiedsrjochters Gerard Torensma (op klompen) en Jelle de Jong. Tidens de jûn wie it Siebold fan de De Westereen dy’t de wikselbeker, in moaie Ferfkwast mei fuotbalskoun en bal, útdielde oan de winner Be-Quick D 35+. Derneist hie der in moai tankwurd foar sponsor Arnold Nutma dy’t nochs efkes troch Siebold útdagge wa’t oer de prestaasje fan syn eigen team. Mar útnamme fan allegear tanke Siebold sponsor Arnold Nutma foar dizze moaie en skitterende jûn. It wie yn ien wurd in prachtige ôfslúting mei grutte tank oan sponsor Arnold Nutma fan Skildersbedriuw Nutma út Mitselwier. It wie super foar inoar.

Wedstriden en einstân
Ik soe hast ferjitte dat der ek noch moai en sportyf fuotballe is en dat ploegen mei de jongste spielers dochs it bêste foar de dei kamen. De útslaggen steane hjirûnder opskreaun.

Ropta Boys 45+ – De Westereen 35+ 2 – 1.
Be-Quick D 35+ – De Golden Oldies 35/45+ 4 – 1.
Ropta Boys 45+ – De Golden Oldies 35/45+ 3 – 5.
De Westereen 35+ – Be-Quick D 35+ 2 – 2.
Ropta Boys 45+ – Be-Quick D 35+ 1 – 5.
De Westereen 35+ – De Golden Oldies 35/45+ 4 – 1.

De einstân:
1. Be-Quick D 35+ 3 – 7 11 – 4.
2. De Westereen 35+ 3 – 4 7 – 5.
3. De Golden Oldies 35/45+ 3 – 3 7 – 11.
4. Ropta Boys 45+ 3 – 3 6 – 11.

Om noch efkes oer ús eigen sân-tal Ropta Boys 45+ te sprekken. Nettsjinsteande de twa nederlagen is der moai fuotballe. De earste wedstriid tsjin De Westereen wie Ropta Boys 45+ goed op dreef. Troch doelpunten van Jack van der Vorst en sponsor Arnold Nutma wie de oerwinning in feit tsjin de 35+-plussers út De Westereen. De twadde wedstriid wie in spannende wedstriid tsjin de Golden Oldies. Oant de mei de 3-3 wiene beide ploegen oan elkoar weage. Mar yn de slotfaze fan dizze wedstriid wienen it Jan Koopal en Herman Iedema fan de Golden Oldies dy’t de wedstriid yn it foardiel fan de De Golden Oldies oer de streep lutsen. De lêste wedstriid wie Ropta Boys 45+ kansleas tsjin it sterke Be-Quick D 35+. De úteinlike winner fan it toarnoai Be-Quick D 35+ wist mei 5-1 te winnen wylst hja nei 3-0 in stapke minder fuotballen, oars hie de útslach noch hêger útfallen. It iene doelpunt fan sponsor Arnold Nutma wie noch foar de ear. Sa kaam der foar de measte fuotballers in ein oan it seizoen fan Ropta Boys 45+. Nije wike dogge noch in pear spilers mei oan de Copa Ropta. It folgjende seizoen hoopje sy wêr mei nije moed fierder te gean.

(C) Verslag: Jan Torensma

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio