CDA: help dupearren gas- en sâltwinning yn Fryslân · Foto('s): 

CDA: help dupearren gas- en sâltwinning yn Fryslân

donderdag 17 april 2014

It CDA sjocht dat Friezen mei mooglike skea troch gas- as sâltwinning, it dreech ha om dizze skea te besprekken. Steatelid fan it CDA Henk van der Veen út Dokkum wol in Frysk ynformaasjepunt: “ik begryp dat by my yn de streek en op oare plakken yn de provinsje, Friezen hast gjin idee ha wêr sy te lâne kinne. De organisaasje yn Den Haach is net bekend en fier fuort.”

Henk van der Veen is wurdfierder nammens is CDA en wit fan de problematyk: “Yn petearen heare wy dat guon bewenners mei mooglike skea troch gaswinning hielendal net witte wêr’t se oankloppe kinne.” By it ministearje fan Ekonomyske Saken is der in Technische commissie bodembeweging, wêr’t skea besprutsen wurde kin. Henk van der Veen: “mar dat wit hast gjinien. Ik soe graach yn Fryslân in ynformaasjepunt, by de provinsje bygelyks ha wolle. Dat komt boppedat betrouberder oer”

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio