Dokk’em Open Air siket Fryske iepeningsband · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Dokk’em Open Air siket Fryske iepeningsband

zondag 01 mei 2016

Metalfestival Dokk’em Open Air yn Dokkum is op syk nei in Fryske iepeningsband. Tradysjegetrou wurde de twa dagen fan folsleine metal dwylsinnigens, sa as de organisaasje it mei in knypeach neamt, iepene troch muzikaal talint fan eigen boaiem.

Fryske muzikanten krije dan net allinnich in soad publisiteit en de kâns om foar in grut publyk te spyljen, mar se diele ek de klaaikeamers mei legendaryske, ynternasjonale artysten as Testament (USA), DORO (DLD), Soilwork (SE), Moonspell (PT), Finntroll (FI) en Dragonforce (GB). En hokker muzikant wol dat net?

Dokk’em Open Air fynt plak op freed 24 en sneon 25 juny 2016 op it festivalterrein oan de Holwerterwei yn Dokkum. Fryske bands út it metal-, hardrock- of hardcore-sjenre, dy’t graach optrede wolle op dit festival, kinne dat witte litte troch foar 15 maaie in mailtsje mei alle ynformaasje te stjoeren nei pr@dokkemopenair.nl.

De programmeur fan it festival sil dan, tegearre mei oare saakkundigen, alle ynstjoerings beharkje en in kar meitsje. Alle ynformaasje oer Dokk’em Open Air (Dokk’em Iepen Loft) en de bands stiet op www.dokkemopenair.eu. Op dy webside binne ek de dei- en wykein-tickets te keap.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio