Fierljep klupkampioenskip mei in sulveren polske · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Fierljep klupkampioenskip mei in sulveren polske

zondag 31 augustus 2014

Op freed 29 augustus wienen de jierlikse klupkampioenskippen fan de ljeppersklup Bútenpost. Dit is de wedstriid foar alle ljeppers. Fan de jeugd ljeppers en de earste en twadde klasse en ek noch in pear ald ljeppers, “Wa ljept it tichst by syn as har persoanlik record?” Dizze kear gie Baukje de Vries mei de felbegearde beker nei hûs en mei har in jier lang klupkampioen neame.

Beste ploeg wie dit jier fan Frederik (Douwe Jens, Jan Cornelis, Rick,Johannes, Marieke en Baukje) Mar de ferrassing wie grut foar Frederik Boersma omdat hy mei syn 25st ljepseizoen dwaande wie, mocht hy út hannen fan Frysk ljeppersboun foarsitter Jouke Jansma in sulveren fierljeppolkse krije. Frederik Boersma wist mar leafst 25 jier yn de FLB  kompetysje út komme. Yn 1995 waard er Frysk en Nederlânsk kampioen yn de jonges kategory. Dit wy reden foar it bestjoer om ek foar Frederik in fersyk yn te tsjinjen foar in sulveren polske.

Fan foarsitter Dries Braaksma krige Frederik de krans omhong as blyk fan waardering en derbei krige hy fan de ljeppers en it bestjoer in pear spesjaal foar him ûntworpen en makke klompen troch de familje Scherjon. Grutsk binne wy as feriening op ús Frederik! Hy set him net allinich yn as ljepper mar traint en coached de Bútenposter ljeppers mei in grut enthausiasme.

Nei ôfrin fan de priisútreiking wie der foar alle oanwézigen in hapke en drankje om dizze joun feestlyk ôf te slúten.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio