FNP : Holwert oan See pracht kâns · Foto('s): 

FNP : Holwert oan See pracht kâns

dinsdag 03 juli 2018

Op inisjatyf fan de FNP Noardeast-Fryslân , wurdt yn alle rieden dus sawol yn Ferwerderadiel , Kollumerlân as Dongeradiel in moasje ynbrocht om regiobreed it belang fan it projekt Holwert oan See te ûnderskriuwen.

Yn Dongeradiel waard de moasje stipe troch alle fraksjes. Lolke Folkertsma is wiis mei de mannen fan Holwert oan See , dy dogge it , sa sei er. Dy dogge it foar harren doarp , foar de hiele regio Noardeast Fryslân. Dy dogge it en sykje de ferbining tusken ekology en ekonomy , fan ûnderen op, droegen troch de mienskip. Dy bin drok yn’t spier om de ferbining mei it Waad te fersterkjen en de regio op’e kaart te setten.

It begong as in dream, sommigen seine it is in utopy , mar de mannen fan Holwert bin trochsetters en realisten , haw stêd en lân ôfreizge, rûnom kontakten lein en no leit der in plan wêrfan it ministearje ek seit dit hat kâns fan slagjen foar jilden út de regiopot. De provinsje hat juster 10 miljoen beskikber steld. Dat jout kânsen foar europeeske en ryksjilden. Njonken de provinsje sil de gemeente Noardeast-Fryslân der ek foar stean moatte. De gemeente Dongeradeel fasilitearret de wurkgroep no al, sawol finansjeel as fia it beskikber stellen fan romte en mankrêft yn de persoan fan Jan Zijlstra.

De nije gemeente moat de gemeentlike ko finansiering regelje, fia de moasje ynbrocht troch de FNP docht de Rie dan ek de oprop struktureel jild te reservearjen foar Holwert oan See. De FNP fraksje is fan betinken dat : “de mannen fan Holwert stean en gean derfoar, de nije gemeente moat der ek foar gean .Noardeast Fryslân kin dizze kâns net slûpe litte.

Foar mear ynfo oer alle plannen yn en om Holwert sjoch ek : https://www.facebook.com/HolwerdaanZee /#holwerd https://www.sense-of-place.eu

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio