FNP Noardeast Fryslân ynspirearre troch ambisjeuze projekten yn Bûtenfjild · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

FNP Noardeast Fryslân ynspirearre troch ambisjeuze projekten yn Bûtenfjild

donderdag 28 april 2016

Ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga en Stifting Wetterwâlden Bûtenfjild (beide út Feanwâlden) hawwe dizze wike harren wurk en wurkwize presintearre oan in delegaasje fan de FNP ôfdielings út Noardeast Fryslân. Wethâlder Piersma, fraksjeleden en bestjoersleden fan Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân lieten harren ynspirearje troch de ambisjeuze en ynnovative projekten fan beide organisaasjes.

It ekologysk buro en de stifting wurkje oan ambysjeuze projekten mei nasjonale en ynternasjonale útstraling. Sy dogge dat yn it Butenfjild, in natuergebiet dat rûchwei leit tusken de Sintrale As, de N356 en de spoarline Ljouwert-Grins. Mei it ynnovative projekt Better Wetter – it geestesbern fan Eddy Wymenga – hat Altenburg& Wymenga in proeftún fûn yn it Bûtenfjild. Hjir wurde projekten opset dy’t liede ta takomstbestindich wetterbehear en dy’t tagelyk de ekology en ekonomy stypje.

Better Wetter spilet yn op de klimaatferoarings en wurket tagelyk oan oplossings foar de útdagings yn it feanweidegebiet. Troch op in oare wize om te gean mei wetterbehear en byhearrend lângebrûk en dit te keppeljen oan ûntwikkeling fan tsjinsten en produkten of nije foarmen fan toerisme en rekreaasje, moat de regionale ekonomy in boost krije. Op it stuit rinne der proeven mei tuorrebouten (reitsigaar / “lisdodde”) tylt. De plant wurdt brûkt as grûnstof foar in ferskaat oan boumaterialen. Ek wurdt der in moetingsplak realisearre yn it Bûtenfjild; it saneamde “Brûsplak”. Dêr sille studinten, saakkundigen en oaren harren kunde en ideeën oangeande ekology en ekonomy diele en fierder útwurkje.

Yn it ramt fan ûntjouwings op it mêd fan rekreaasje en toerisme, leit der ek in dúdlike relaasje fan Better Wetter mei Wetterwâlden Bûtenfjild. De stifting set har mei 14 doarpen rûnom it Bûtenfild yn, foar it fierder ûntwikkeljen fan de rekreative ynfrastruktuer. De ideeën en winsken fan de 14 doarpen stean beskreaun yn in doarpenfisy. Mei de doarpenfisy giet de stifting de boer op en yn petear mei eigners fan en spilers yn it gebiet. Plannen fan de doarpen, eigners en spilers yn it gebiet wurde oan inoander ferbûn en op inoander ôfstimd. Dêrmei is de doarpenfisy fan de 14 doarpen in libbend dokumint. By alles dat der yn de doarpenfisy opnaam wurdt, is omtinken foar duorsumens. De realisaasje fan de nije elektryske farrûte fan de Grutte Wielen, troch it Bûtenfjild, nei de Swemmer, is it earste grutte súkses dat oan de netwurkorganisaasje Wetterwâlden Bûtenfjild taskreaun wurde kin.

“Tûk ferbine” is it kredo fan Wetterwâlden Bûtenfjild, en soe dat like goed wêze kinne fan Better Wetter. De FNP yn Noardeast Fryslân sjocht de beide organisaasjes dan ek as in ljochtsjend foarbyld fan wat sy as kearnwearden stelle by undernimmerssin en duorsumens. Eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip en ekonomyske besteansfoarmen dy’t in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen; it komt by Better Wetter en Wetterwâlden Bûtenfjild allegearre byinoander.

 

 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
FNP Noardeast Fryslân ynspirearre troch ambisjeuze projekten yn Bûtenfjild · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio