Fryske Jip en Janneke yn pear wike tiid ta oan twadde printinge · Foto('s): 

Fryske Jip en Janneke yn pear wike tiid ta oan twadde printinge

vrijdag 13 januari 2017

De boeken fan Jip en Janneke yn it Frysk geane as waarme broadsjes oer de toanbank. De earste oplage fan 1000 stiks dy’t mids desimber ferskynde by útjouwerij Afûk wie yn in wike tiid útferkocht. Fan nije wike ôf leit de twadde printinge yn de boekhannel.

‘Wy hienen stikem fansels wol hope dat dit boek in grut sukses wurde soe’, seit Hermien van der Meer fan újtouwerij Afûk, ‘mar dat wy fuortendaliks by it ferskinen fan de earste printinge al in opdracht foar in twadde printinge jaan koene, dat wie wol boppe ferwachting.’ De twadde printinge fan Jip en Janneke ferskynt yn in oplage fan mar leafst 2000 stiks. ‘Foarearst kinne we dêr wol even mei foarút.’

Yn de Fryske Jip en Janneke binne alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes byinoar brocht. Fan ‘Jip en Janneke boartsje tegearre’ oant ‘Dach Jip, dach Janneke!’. De yllustraasjes fan Fiep Westendorp binne yn swart-wyt én yn kleur.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio