It Hantumer Ploechje spile Wat binne wy moai fourt! · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

It Hantumer Ploechje spile Wat binne wy moai fourt!

zondag 01 februari 2015

Tongersdei en freedtejûn hat tonielferiening it Hantumer Ploechje harren jierlikse tonielstik opfierd yn doarpshûs d’Ald Skoalle. It stik fan dit jier spile sich ôf yn de jungle fan Afrika. Under begelieding fan in gids neamt Fred (spile troch Botte Hijma) moast it selskip sjen te oerlibjen yn de tropen. Dit markante selskip bestie út 7 personaazjes. Henk en Annie, in bytsje in ‘aso-famylje’ (spile troch Owe Dijkstra en Karen Hogenhorst). Sy hawwe in grutte jildpriis wûn en koene derom sa’n eksklusive reis betelje. Mei in kiste bier en harren ûnfersoarge uterlik komme sy net al te snoad oer.

Emma Steensma, in puberfanke fan it type punk dy’t har nea earne wat fan oanlûkt en skyt oan de hiele wrâld hat. Sy is troch har rike âlden op dizze reis stjoerd yn’e hoop dat se dêrnei wat fan har libben meitsje sil. Dizze rol waard skitterjend delset troch Nynke Lawerman. Mei har felgekleurde kapsel fan hast in heale meter heech en in bek as in skjirre wie se mei klam oanwêzich yn de oars sa rêstige jungle. Henry en Luciel Hasenbein makken it selskip kompleet. Hja hiene eins gjin benul fan wat foar reis as sy boekt hiene. De dominante Luciel fynt it mar neat yn de jungle en falt wol op mei har pumps en mantelpakje. Letter docht bliken dat Henry syn frou hjir eins wol slite wol oan in bosjesman om’t hy skjin syn nocht hat fan it kommandearjende toantsje fan syn frou. Dizze beide rollen waarden ek prachtich delset troch Mient Hof en Anneke Meinema. Foar Anneke wie dit har debuut op de planken fan it Hantumer toniel.

It podium wie mei slingers en lianen omtsjoene ta in wiere jungle. Mei de lûden fan apen en trommeljende boskjesmannen op de eftergrûn waard it selskip pleage troch ynsekten en bloedsûgers. Dit soarge foar ferskate yrritaasjes tusken it meastal wrokjende selskip. Gids Fred is der glêd mei oan en ferlit it selskip troch krekt te dwaan as hy opfretten wurdt troch de liuwen. Letter komt dizze gids werom as boskjesman Kwagga en jeit harren de stúpen op it liif. Dizze (dûbel)rol wie op it liif skreaun fan Botte Hijma. Mei in echte spear en in reiden rokje koenen jo him net werom. Alle kearen as Kwagga begûn te praten (sa iets fan; Oena toka wappie) stie de seal op’e kop fan it laitsjen. As it selskip úteinlik sûnder harren gids wit te oerlibjen fynt Kwagga dat it tiid wurdt om wer op hûs oan te gean. Hantum kin mei dit stik werom sjen op een hiel slagge jûn.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio