Kollumer KAT spilet In Pompstasjon · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto
vrijdag
07
april

Kollumer KAT spilet In Pompstasjon

vrijdag 24 maart 2017
Locatie: Kollum
Begin datum: vrijdag 07 april 2017 00:00

Op freedtejûn 7 april en sneontejûn 8 april 2017 om 20:00 oere spilet de KAT it stik “In Pompstasjon”. In blijspul, yn fjouwer útkomsten, skrean troch Gildas Bourdet. It tonielstik wurd spile in de Colle yn Kollum, de seal is iepen fanôf 19:30 oere.

By in frijwat ferlitten pompstasjon, ynsletten tusken it bosk en it fleanfjild, oan in dyk dy’t ôf-sletten is, wenje in mem, Madeleine, en har trije dochters, Thérèse, Maud en Doris. En Tuut-Tuut, de net-hielendal-hûndert-punten-dochter fan Thérèse. Op in soad klandyzje kin it pompstason al jierren net mear rekkenje. In útsichtleaze situaasje.

Nettsjinsteande dat, is Samson de fêste wearde fan it pompstason. Hy is de monteur en hâldt, foar safier mooglik, de boel as iennige noch in bytsje draaiende. En sleutelt allegeduerigen oan de âld Peugeot fan it gesin, dy’t ynset wurde sil foar it houlik. Hy is op de hichte fan alles wat him ôfspilet op it pompstasjon. Somtiden tsjin wil en dank.

De tariedings foar it houlik fan de middelste dochter Maud, dy’t trouwe sil mei de jonge arts Thomas, binne yn folle gong. Foar Maud is it houlik mei Thomas in kâns op in nij libben. Mar dan dûkt nei 18 jier Humbert, Madeleine’s eks, en de heit fan de trije susters, ynienen wer op. Wat binne syn plannen? Bringt hy it hiele spul, en it foarnommen houlik, yn ûnstjoer?

En dan is der noch de stoere Richard… Is hy einlik net de echte leafde fan Maud? En hat Thérèse, de âldste dochter, dy’t sa teloarsteld rekke is yn de manlju, ek in eachje op him? En hoe komt it mei Doris, de jongste? Wol sy der wol by wêze? Of spilet sy stikem fan ruten mei Winnock, stapt se by him efterop de motor, en lit sy har eineksamen en de brulloft fan Maud oan har foarby gean?

Foarferkeap
De foarferkeap is fan 20 maart ôf bij “Hilboezen Poelier” en “Tabak en Lectuurshop Hoekstra”.Telefoanysk reservearje kin tusken 18:30 en 20:00 oere op telefoannûmer: 0511 – 453972.

  Eigen foto

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio