Krisistoaniel spilet ‘Famylje’ · Foto('s): Bote Sape Schoorstra
  Bote Sape Schoorstra

Krisistoaniel spilet ‘Famylje’

donderdag 26 januari 2017

Nei it sukses fan it stik “Praatsjes” (Neil Simon) yn novimber 2014 (Sy wûnen mei dit stik de toanielkriich fan staf) is Krisistoaniel werom! Dizze kear gjin klucht, mar in tragi-komeedzje. Op 27 jannewaris, 3 en 10 febrewaris 2017 spilet Krisistoaniel ûnder rezjy fan Tineke Broers, ‘Famylje’ stik fan Maria Goos, oersetting: Tryntsje van der Zee. Spilers: Wybe Kuipers, Greetje Klaren, Andre de Zee, Hinke Leistra, Andre Beeksma en Betteke Eerligh.

‘Famylje’ is in tragikomeedzje oer in gesin dat noch ien kear meimekoar op fekansje giet omdat mem ûngenêslik siik is. Mei de bêste bedoelings begjinne se oan dizze dagen, mar al gau kinne se de skyn net mear ophâlde. De ûnderlizzende frustraasjes fan de ferskillende famyljeleden komme stadichoan nei boppe en dat resultearret yn messkerpe dialogen en pynlike konfrontaasjes.

Yn it skoft en nei ôfrin fan it stik, is der soarge foar musyk en is der romte om nei te praten mei elkoar en mei de spilers. Kaartferkeap fia www.sensedokkum.nl. Tagongspriis: 12,50 euro, oanfang: 20.15 oere, seal iepen om 19.45 oere.
Musyk nei ôfrin: freed 27 jannewaris: Bauke Beert Keizer, freed 3 febrewaris: dj Pc.
Graach oant sjen by Krisistoaniel yn theater Sense Dokkum Hogedijken 18-2, dokkum
Foar mear ynformaasje kinne jo terjochte op www.facebook.com/krisistoaniel.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
Krisistoaniel spilet ‘Famylje’ · Foto('s): Bote Sape Schoorstra
  Bote Sape Schoorstra

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio