Krite Bûtenpost spilet “Al myn soannen” · Foto('s): 
zaterdag
04
maart

Krite Bûtenpost spilet “Al myn soannen”

vrijdag 17 februari 2017
Locatie: Buitenpost
Begin datum: zaterdag 04 maart 2017 00:00

WRALDTOANIELYN THE POINT : Tsien spilers nimme ús mei nei de ein fan de jierren ’40. De wrâld is drok dwaande om wer yn it normale te reitsjen. De oarloch is oer en dien en it minskdom bliuwt mei twa fragen sitten. Wat hat de oarloch ús brocht? Wat hat de oarloch ús ôfpakt?
Joe Keller, in man fan kwizekwânsje, wie tusken ‘40 en ’45 drok yn’e skrep mei kompanjon Deever om it leger fan wapentúch te foarsjen. It leger raasde sa bot om guod dat der hast net tsjin te leverjen wie. It gie dan ek net altiten like goed. Ek hienen de Kellers twa soannen en no noch mar ien. Wat is der allegearre bard yn de oarloch en hoe no fierder?

In prachtich mar foaral oangripend stik fan de Amerikaanske skriuwer Arthur Miller dy’t ús njonken dizze klassiker ek “De dea fan in hannelsreizger“ en “Sjoen op in distânsje” neilitten hat.
Mei Lourens de Zee, Reinold Paauw, Dictus Benedictus, Frouke Holtrop, Wiesje Kloosterman, Milan Dijkstra, Eldert Paauw, Arnold Jan Ruisch, Amarens de Vries en Remco de Poel en gastspylster Jildou Hotsma. Kriteman Henk Roskammer docht syn regy-eksamen mei dizze prachtige foarstelling wêrfan’t it skript op’e nij yn it Frysk oerset is troch Dictus Benedictus.

Kaartferkeap gewoan oan de seal. Oanfang 20.00 oere, seal iepen fan 19.00 oere ôf.

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio