Krite Bûtenpost spilet “Al myn soannen” · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto
zaterdag
11
maart

Krite Bûtenpost spilet “Al myn soannen”

maandag 13 februari 2017
Locatie: Buitenpost
Begin datum: zaterdag 11 maart 2017 00:00

Tsien spilers nimme ús mei nei de ein fan de jierren ’40. De wrâld is drok dwaande om wer yn it normale te reitsjen. De oarloch is oer en dien en it minskdom bliuwt mei twa fragen sitten. Wat hat de oarloch ús brocht? Wat hat de oarloch ús ôfpakt?

Joe Keller, in man fan kwizekwânsje, wie tusken ‘40 en ’45 drok yn’e skrep mei kompanjon Deever om it leger fan wapentúch te foarsjen. It leger raasde sa bot om guod dat der hast net tsjin te leverjen wie. It gie dan ek net altiten like goed. Ek hienen de Kellers twa soannen en no noch mar ien. Wat is der allegearre bard yn de oarloch en hoe no fierder?

In prachtich mar foaral oangripend stik fan de Amerikaanske skriuwer Arthur Miller dy’t ús njonken dizze klassiker ek “De dea fan in hannelsreizger“ en “Sjoen op in distânsje” neilitten hat. Mei Lourens de Zee, Reinold Paauw, Dictus Benedictus, Frouke Holtrop, Wiesje Kloosterman, Milan Dijkstra, Eldert Paauw, Arnold Jan Ruisch, Amarens de Vries en Remco de Poel en gastspylster Jildou Hotsma. Kriteman Henk Roskammer docht syn regy-eksamen mei dizze prachtige foarstelling wêrfan’t it skript op’e nij yn it Frysk oerset is troch Dictus Benedictus. Kaartferkeap gewoan oan de seal. Oanfang 20.00 oere, seal iepen fan 19.00 oere ôf.

  Eigen foto

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio