Kroechteater Kredyt · Foto('s): 
donderdag
30
november

Kroechteater Kredyt

woensdag 18 oktober 2017
Locatie: Oosternijkerk
Begin datum: donderdag 30 november 2017 00:00

Kredyt is de opfolger fan de suksesfolle kroechteaterstikken: Katarsis, Kredo en Krimp. Kredyt komt fan it Latynske Credere en betsjut ‘leauwe of tabetrouwe’. Neidat Knilles yn ‘Katarsis’ syn dochter kwyt rekke is, giet hy de wrâld yn om te sykjen nei ien fan de âldste hynderrassen; de Ahalteke; it gouden hynder.

Op it Amelân rint noch neiteam fan dit edele bist. Hy komt werom yn it kafee om hjir oer te fertellen. Hy moetet de Twentske Hettie, se skriuwt in boek oer in Fryske artyst dy ’t se hertstochtlik adoreard. De politiker, Peke van der Klamp, nimt al fêst wat kredyt op de demokrasy. It moaist soe wêze as Hettie sjocht hoe linich hy him hjir troch hinne slacht. Jabke, it fleksibel postkantoar, sorteart de post yn it kafee. Wat net bestiet hoecht ek gjin post te krijen.

Sa folle minsken, sa folle ferhalen. Yn ‘Kredyt’ komme se by elkoar yn kafee De Bûnte Bok. Op tongersdei 30 novimber 2017 spylje ze om 20.00 oere yn

Dorpshuis de Terp
Doktersfiif 22
9137 RW Oosternijkerk

Foar kaarten: 06-28742009 of andrebeeksma@kpnmail.nl.

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio