Pjutteboartersplak yn Wâlterswâld sertifisearre · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Pjutteboartersplak yn Wâlterswâld sertifisearre

donderdag 16 april 2015

Op moandei 13 april is it feest op pjutteboartersplak ‘t Boartershoekje fan Sisa yn Wâlterswâld. Wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel oerlanget it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedsters Marieke Wielstra en Tiny Woudsma. It pjutteboartersplak wurket sûnt febrewaris 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern.

Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat behelle. Sy fiere dit mei alle bern; Riemkje Pitstra en Jetske Miedema spylje de Tomke-foarstelling ‘Lekker ite’. Om’t net alle bern op moandeis op it boartersplak komme, wurdt de foarstelling op tiisdei 14 april ek foar de oare groep pjutten spile.

Provinsjale ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 190 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘t Boartershoekje
Pjutteboartersplak ‘t Boartershoekje heart by de organisaasje Sisa Kinderopvang. Sisa biedt ûnder oaren berne-opfang en pjuttewurk yn in grut part fan Fryslân. Underwilens dogge tsien fan har pjutteboartersplakken en sân bernedeiferbliuwen mei oan it trajekt om twatalich te wurden. Ek de gemeente Dantumadiel stimulearret it Frysk en meartalichheid yn ûnder oaren it pjuttewurk. ‘t Boartershoekje is it 6de pjutteboartersplak yn Dantumadiel dat sertifisearre wurdt foar har twatalige belied. It twatalich wurkjen sjocht der yn Wâlterswâld as folget út: Liedsters Tiny en Marieke prate beide konsekwint Frysk tsjin alle bern.

Hinke, de fêste tutor, praat ek Frysk en de frijwillichsters krije de opdracht om yn har memmetaal te praten. It Nederlânsk hat in plak yn aktiviteiten as sjongen, foarlêzen, rymjen en pop Tinka praat ek Nederlânsk. De fisitaasjekommisje skriuwt yn har rapport it folchjende: Der is in ûntspannen en feilige sfear, mei in protte omtinken foar de bern. Troch aktiviteiten, materialen en it goed gebrûk meitsjen fan de romte litte de liedsters sjen dat it keazen taalbelied goed útfierd wurdt. Nivo 3 is mei glâns helle!

 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio