Pjutteboartersplak‘Kwibus’ yn Kollum behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen · Foto('s): Sake Beerstra
  Sake Beerstra

Pjutteboartersplak‘Kwibus’ yn Kollum behellet sertifikaat foar twatalich wurkjen

woensdag 04 juli 2018

Op tiisdei 3 july wie it feest op pjutteboartersplak Kwibus yn Kollum. De lokaasje fan organisaasje TIKO Kinderopvang wurket sûnt septimber 2015 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.

Liedsters Lutske van Wieren, Ellen van Marrum en Freerkje Dijkstra hawwe harren tige ynsetten om it twatalich belied foarm te jaan en dêr it sertifikaat ‘Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ foar behelle. Dat sertifikaat hawwe sy oerlange krigen fan in libbensgrutte Tomke. Oanslutend hat Tomkeskriuwster Riemkje Hoogland in foarstelling fersoarge mei de ferteljas oan. Oan âlden en bern wie frege sa folle mooglik reade, wite of blauwe klean oan te dwaan, mei it each op de Fryske én de Nederlânske flagge.

Twatalichheid op Kwibus
Fan organisaasje TIKO Kinderopvang dogge ûnderwilens 17 pjutteboartersplakken mei oan it trajekt om sertifisearre te wurden foar it twatalich wurkjen. Op  Kwibus sjocht dat der yn de praktyk as folget út: Lutske praat konsekwint Frysk mei elkenien. Ellen en Freerkje prate Nederlânsk. De beide talen krije ek omtinken by it foarlêzen, it sjongen en by rollespultsjes.Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje opKwibus west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘De liedsters stimulearje de taalûntjouwing fan de bern mei in tal formele en ynformele aktiviteiten. Ien fan de bewust keazen aktiviteiten is it meitsjen fan muzyk mei muzykynstrumintsjes. De bern sitte yn de rûnte en Lutske hat in kiste mei in lid op ‘e skurte. Der komt muzyk út. It Wilhelmus. Oan de kiste sit ek in flachje. De bern meie om bar it flachje ha en der mei swaaie wylst de nammen fan de bern neamd wurde.’ En: ‘De liedsters hâlde rekken mei it ferlet en it nivo fan de (taal)ûntwikkeling fan de yndividuele bern.

Dat docht bliken by it oanbieden fan de materialen, de ynstruksje by aktiviteiten, de soarten fragen dy ’t de liedsters stelle tidens de petearkes yn de rûnte. De wat jongere bern krije wat ekstra help as it nedich is.’ By it sertifisearringstrajekt krijtKwibusbegelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio