woensdag
31
mei

Poëzyjûn by it Simke Kloostermanhûs

maandag 15 mei 2017
Locatie: Twijzel
Begin datum: woensdag 31 mei 2017 00:00

In Fryske poëzyjûn mei Abe de Vries, Gerda van Dijk, Sigrid Kingma, Meindert Talma en Melle Leegstra op it plak dêr’t dichter Jan Ritskes Kloosterman en syn dochter Simke eartiids harren ynspiraasje opdienen. De Roodbaard-achtige tún yn Twizel is opnij toaniel foar de Keunst.

Lykas yn 2010, ’12, en ’14 organisearret de Keunstkrite Twizel de Jan Ritskes Poëzyjûn. Dat, foar de fjirde kear is de tún dy’t Jan Ritskes sels oanlein hat ek it poadium foar de notiidske dichterlike keunst. Fan ’t jier yn it ramt fan de Keunstwike fan Achtkarspelen. Literatuer en poëzy meie net misse yn sa’n wike. “Wy hawwe in kar makke út wat lichter en wat swierder wurk en in ‘special’ om Simke hinne troch Gerda van Dijk en Melle Leegstra. Meindert Talma (ús wâldsjonger) en Sigrid Kingma binne fansels hjoeddeistige dichters mei tige hjoeddeistige tema’s en in moderne oanpak fan harren wurk. Abe de Vries is foar ús ‘de Rachmaninov’ mank de Fryske dichters fan ús tiid; de kombinaasje fan syn taal en syn passy makket neffens de Keunstkrite dat er in klasse op himsels is. In moai ôfwikseljend programma yn in ûntspande sfear: in traktaasje foar de siel”.

Datum: Woansdei 31 maaie
Begjin: 20.00 uur.
Lokaasje: Simke Kloostermanhûs, Tsjerkebuorren 27, 9286 EZ Twizel
Yntree: € 7,50 de m./f.
Ynformaasje en kaartferkeap by www.keunstkrite.nl.

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio