Programma doarpsfeest Wanswert · Foto('s): 
zaterdag
12
augustus

Programma doarpsfeest Wanswert

dinsdag 18 juli 2017
Locatie: Wanswert
Begin datum: zaterdag 12 augustus 2017 00:00

Yn it twadde wykein fan augustus is it wer tiid foar it moaiste
 feest fan ’t jier! Wy hawwe wer in moai program op priemmen
 setten. Krekt as ferline jier hawwe wy wer fjouwer dagen feest!

Woansdei 9 augustus – Domme Jûn
Tradisjoneel wurdt it Wânswerter feest iepene mei de Domme jûn. In hapke, in drankje en wat seure en eamelje. En fansels in ferkiezing. Twa jier ferline hiene wy de tûkste doarpsgenoat. Ferline jier hiene wy de domste ynwenner fan it doarp en wa wit komt der dit jier wer in domste, tûkste of in slûchslimste. Der is mar ien manier om der efter te kommen wa’t it wurdt en dat betsjut: net stinne, mar hinne! Smûkens garandearre.
Oanfang: 20:30

Tongersdei 10 augustus – Pylkje Smite
Ek dit jier is der op de tongersdei wer wat te rêden by it doarpsfeest Wânswert: it prestizieuze Pylkje Smite! It toernoai sil bestean út in inkelspul en oanlotte span. Dielname is tastien foar spilers fan de twadde divyzje en leecher. Spilers moatte 16 jier of alder wêze. Opjaan kin fia ús facebookside of tillefoanysk by Niels Terpstra: 06 23302522. Oanfang: 16:00 en dielname kostet 7,50 euro de man.

Freed 11 augustus – Toulûke
Ek it toulûken stjit fansels wer op it program. Teams moatte bestean út op syn minst 4 manlju en 2 fruolje (maksimaal 8 persoanen it team). Dielname kostet 5 euro de man, mar der kinne je nei ôfrin wol fergees de feesttinte yn. Oars is it 10 euro yntree. Bern ûnder de 12 meie der fergees yn. Opjaan kin fia ús facebookside of tillefoanysk by Douwe Sjirk Zijlstra 06 20503729
Oanfang: 19:30 Nei ôfrin musyk fan Rendaq!

Sneon 12 – augustus Bingo, spultsjes en TOP-coverband ‘STOOT’
Middeis fan 16:00 oere ôf is der in bingo foar jong en âld.
Jûns sille we bierkrat steapelje. Dit begjint om 19:00 oere neist de tinte. As ôfsluter fan it feest spilet de TOP-coverband ‘STOOT’ yn’e tinte. Kaarten binne fan 7 augustus ôf yn’e foarferkeap te krijen foar 12,50 euro it stik by Douwe Sjirk Zijlstra op’e Wirdsterterp 2 te Wânswert.
De jûns oan’e kassa binne de kaarten 15 euro it stik.

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio