Slotkonsert Gospelband Sozo · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Slotkonsert Gospelband Sozo

maandag 15 mei 2017

Saterdei 20 maaie sil it heve. Sozo sil nei 40 jier sjongen en spyljen dit foar it lêst dwaan. Yn de Trije Doarpen sille de leden fan Sozo om 20.00 oere, DV, mei harren ôfskiekonsert begjinne.

Sa’n 16 nûmers sille der te besjen en te beharkjen wêze. Sozo hat in LP, Stilstean, en 2 cd’s makke; It Tij Moat Keare en De Heechste Tiid. Ut elke lûddrager is in kar makke. Neist it feit dat de Trije Doarpen yn Kollumersweach in gaadlike seal is om te spyljen hat Sozo ek faak yn de tsjerken fan Kollumersweach song en spile en ien fan harren leden wennet dêr.

Dit konsert is it lêste nei 40 jier, yn Fryske tsjerken benammen, meiwurke te hawwen oan Fryske of Nederlânske tsjinsten. Yn it begjin kombinearre Sozo popmuzyk mei Fryske bibelske teksten. Letter makke de groep sels nûmers. De nammes Sozo betsjut; Hy Dy’t rêdt. It tema rêding komt dan ek faak oan ‘e oarder yn de teksten. De lêste perioade sette de groep opwekkingsnûmers oer yn it Frysk. Dêr sille ek in pear fan brocht wurde. De groep sjongt yn it Frysk.

Gratis kaarten binne te bestellen fia ynfo@gospelbandsozo.nl.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio