Dach fan ut Stadsfrys · Foto('s): 
zaterdag
03
november

Dach fan ut Stadsfrys

woensdag 10 oktober 2018
Locatie: Franeker
Begin datum: zaterdag 03 november 2018 00:00

Ien fan de talen fan Fryslân is it Stadsfrys, dat – mei lytse ûnderlinge ferskillen – praat wurdt yn de stêden Ljouwert, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Snits, Starum en Dokkum. Hoe moai oft it Stadsfrys ek is, it buorket stadichoan efterút. Der binne lykwols noch genôch mooglikheden om nije Schwung yn it Stadsfrys te krijen. Om dy mooglikheden te ferkennen en de skouders ûnder it Stadsfrys te setten, wurdt de “Dach fan ut Stadsfrys” organisearre, op sneon 3 novimber yn Frjentsjer.

De Dach sil bestean út trije parten. Moarns is, yn it stedhûs, in sympoasium foar amtners en taalprofesjonals/taalwittenskippers. Nei in tuskenprogram wêrby’t, nei in beskieden lunchbuffet, mei in Stadsfryse gids in stedskuier troch Frjentsjer makke wurde kin, is dan middeis, yn de Martinitsjerke, it publyksdiel: in indoor minyfestival foar it Stadsfrys.

It publyksdiel begjint om 14.00 oere yn de Martinitsjerke en duorret oant sawat 17.00 oere. It krijt it karakter fan in indoor minyfestival. De sprekstalmaster fan tsjinst is Asing Walthaus (Leeuwarder Courant), dy’t rûn rint oer it ‘festivalterrein yn de tsjerke en lofts en rjochts koarte petearkes oangiet mei de oanwêzigen. Geandewei de middei sille yn alle gefallen oan bod komme: wethâlder Dijkstra oer it Stadsfrys yn de nije gemeente Waadhoeke, in Stadsfryse kwis, Lysbeth Jongbloed-Faber (Fryske Akademy) oer Stadsfrys en social media, it taalspul Stimmen fan Fryslân (Ryksuniversiteit Grins), bekendmakking fan de winner fan de Stadsfryse oersetwedstryd (LC fan 18 maaie 2018), foarlêzen fan in Stadsfrys sprookje, en it oanbieden fan it earste eksimplaar Sprookjes fan Grimm in ut Stadsfrys oan KfdK Arno Brok, dy’t dizze Dach tige stipet. Tusken de ûnderdielen troch sil it duo Bauke van der Woude & Campbell Forbes in pear kear Stadsfryse lieten hearre litte.

De Dach wurdt troch in protte partijen droegen (sjoch it program) en is ek frij ambisjeus yn syn opset: noch net earder is it Stadsfrys op dizze skaal ûnder it omtinken fan sawol publyk as saakkundigen brocht. Hooplik is de Dach dan ek in nije oantrún foar it Stadsfrys – want wat help kin it wier wol brûke. It program is hielendal fergees. Jo kinne fansels ek allinne it moarnssymposium of it publyksdiel besykje; wol fersykje wy jo om jo foar it sympoasium/lunch net letter as 19 oktober op te jaan, fia info@taalburopopkema.nl.

Sympoasium (stedhûs Frjentsjer)
10.00 Ynrin mei kofje
10.15 Iepening deifoarsitter
10.20 Wurd fan wolkom (wethâlder Dijkstra fan gemeente Waadhoeke)
10.30 Skiednis Stadsfrys (prof. dr. Arjen Versloot, UvA)
10.50 Aktuele stân fan saken Stads (dr. Reitze Jonkman, NHL Stenden Hogeschool) 11.10 skoft
11.30 Stadsfrys by jongerein (drs. Pieter Duijff, FA)
11.50 Stadsfrys op social media (drs. Lysbeth Jongbloed, FA)
12.10 Neipetear

Tuskenprogram
12.30-13.15 Lunch
13.15-14.00 Stadsfryse stedskuier

Publyksdiel
14.00 – 17.00

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio