‘Rjocht yn ’t hert’ in muzikale komeedzje mei in swart rântsje yn Paviljoen MeM
Locatie: | Buitenpost |
---|---|
Begin datum: | vrijdag 11 december 2020 20:00 |
BUITENPOST – Irene Dorée wennet yn in smûk flatsje mei in balkon. Wy prate oer de jierren sechtich. Hja liket in flotte, mar wat sweverige frou. Fannejûn is foar har in hiel spesjale jûn dêr’t de televyzje ‘de haadrol’ yn spilet. Mar dan wegeret it apparaat.
Reparateur Freddy Posthuma moat it ding reparearje. Hy is in praktysk man en yn alles it tsjinoerstelde fan Irene. Mar yn harren foarkar foar films fine se inoar. Oant Freddy yn ‘e gaten kriget wat frou Dorée op dizze spesjale jûn fan doel is.
It bysûndere fan ‘Rjocht yn ‘t hert’ is dat it publyk nei it skoft sels kieze mei hoe dat it ôfrint. Krije se inoar? Of rint de saak dochs yn it hûndert? It slot is der lykwols net minder ferrassend om.
Spilers:
Inez Timmer
Thijs Meester
Kontakt:
Fb: Rjocht yn it hert
www.theaterineziatief.nl
info@ineztimmer.de