FNP wol gjin demonstraasjes yn binnenstêd Dokkum · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

FNP wol gjin demonstraasjes yn binnenstêd Dokkum

donderdag 08 november 2018

Nei oanlieding fan kranteberjochten yn LC en Fd, wêryn skreaun wurdt dat de anty swarte pyt lobby tidens de yntocht yn Dokkum demonstrearre wol yn Dokkum is de FNP fraksje Dongeradiel it folgjende fan betinken:

It liket de FNP fraksje net winsklik dat der tidens de yntocht fan Sinteklaas yn de binnenstêd fan Dokkum demonstrearre wurdt sawol foar as tsjin Swarte Piet. Foarich jier bin de der in protte bern wei bleaun omdat se bang wienen foar geweld. Dat wolle we net wer ha. De kâns is grut as hjir tsjinstanners fan swarte pyt komme der ek foarstanders demonstrearre sille. Der foar is ús binnenstêd te lyts

It rjocht op demonstraasje is fan grut belang mar moat yn ús eagen nea de feiligens fan húshâldingen en bern yn de wei stean. Dokkum hat der in tige geskikt evenementen terrein foar. Efter it polysjeburo. Sa wol foar as tsjin standers fan Pyt kin der harren rjocht op demonstraasje út oefenje. De yntocht fan Sinteklaas moat in feest wêze en bliuwe foar jong en âld.

Ynstjoerd troch FNP

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio