Foarlêzers op ’en paad mei 18.500 Tomke boekjes yn de Fryske Foarlêswike! · Foto('s): 

Foarlêzers op ’en paad mei 18.500 Tomke boekjes yn de Fryske Foarlêswike!

vrijdag 17 mei 2019

Goed 600 foarlêzers sille fan 3 o/m 7 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Belibje it mei Tomke’ oer de sintugen. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn:

Noardeast-Fryslân:

Wethâlder mefrou Pytsje de Graaf lêst foar op moandei 3 juny om 10.00 op pjutteboartersplak de Krûpelhintsjes yn Dokkum.

Achtkarspelen:

  • Boargemaster Brouwer lêst foar op freed 7 juny om 9.30 oere by KDV Bommelstein yn Bûtenpost.
  • Tiisdei 4 juny lêst Riedslid mefrou Maaike Dotinga foar by Bommelstein, 10.00 oere,

 

Tytsjerksteradiel:

  • Boargemaster Gebben komt tongersdei 6 juny om 10.00 oere nei POV de Bistebus Kinderwoud yn Burgum.
  • Freed 7 juny om 10.00 oere lêst wethâlder mefrou Gelbrig Hoekstra foar op POV de Boartersboat Kinderwoud Sumar.
  • Fiskboer Arie Toornstra fan de fiskwinkel sil foarlêze op moandei 3 juny om 10.00 oere op POV en KDV de Poppestien Kinderwoud Burgum.
  • Ald wethâlder mefrou Houkje Rijpstra giet tiisdei 4 juny om 9.30 oere nei berneopfang Nei ‘t Sin yn Gytsjerk.
  • Riedslid Piet Reitsma lêst foar op moandei 3 juny om 10.30 oere by pjutteboartersplak de Wâldpykjes yn in lokaal fan de Opstap Oentsjerk.
Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio