Fryske Krite spilet “It twadde Haadstik” · Foto('s): 
zaterdag
09
maart

Fryske Krite spilet “It twadde Haadstik”

zondag 10 februari 2019
Locatie: Buitenpost
Begin datum: zaterdag 09 maart 2019 00:00

Skriuwer Joris Schneider is nei 12 jier houlik syn grutte leafde Tine ferlern. It kostet him muoite om de tried wer op te pakken. Broer Leo helpt wêr’t hy kin, mar is sels ek net frij fan tûkelteammen yn syn eigen houlik.

En boppedat is it gêrs foar him oeral griener as thús. Aktrise Annie Geerts is krekt skieden fan har fuotballer Guurt en besiket yn har nije flatsje ek de regy fan har eigen libben wer te pakken te krijen. Kollega-aktrise en freondinne Bi docht bot har bêst om Annie by te stean en har yn de kunde te bringen mei oare mânlju. Sels twifelt se lykwols ek oan har houlik.

Dan kruse de paden fan de libbens fan dizze fjouwer minsken mekoar. Is harren in nije leafde gund? Of moatte se noch efkes trochwrakselje foardat se oan ‘It Twadde haadstik’ fan harren libben ta binne.

In blijspul mei ynhâld fan de bekinde Amerikaanske toanielskriuwer Neil Simon (1927-2018). Op 9 maart yn The Point Bûtenpost.

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio