Iepenloftspul Brantgum Cupido

zaterdag 23 april 2011

Yn alle toanaarden is de leafde hjir op ierde besongen, beskreaun en belibbe…mar…wat is leafde?  Wa kin it begripe as bedjipje! Yn it wurdboek stiet;  hartelijke genegenheid,  warme bewondering. Der binne safolle fasetten fan’e leafde;  leafde foar jins partner,  jins bern, ..húsdier ,..freonen..it binne allegear foarmen fan leafde.  Meastal  wurdt leafde mei  ferealens assosjearre , de âlde Griken hienen der sels in boppenatuerlik wezentsje foar betocht.  (net sa gek trouwens want leafde stiicht  boppe it minslike út) In mûtel  Cupidootsje  dy ‘t er foar soargje moast dat de leafde groeide en bloeide.

Mar yn ús noftere  ik tiidperk is der gjin romte mear foar sok tinken en mar goed ek want it soe net bêst wêze as ús leafdeslibben fan in Cupido ôfhingje moast. Mar doch,  it mytologyske ferhaal fan  Cupido en Psyche fassinearre my en ik woe dat kombinearje  mei ús,  út ‘e klaai lutsen  Friezen, want dat  like my no komysk  ta …en sa groeide it iepenloftspul  CUPIDO.

Net allinne it libben fan ‘e  ierdlingen komt foar it fuotljocht mar ek it libben sa ‘t it libbe wurdt yn ‘e hegere regionen sil jimme yn ‘e besnijing bringe. Andre Beeksma ,  de regisseur  set Alleregisters iepen om der in prachtich stik fan te meitsje en de muzyk is , as fan âlds, yn hannen fan Marjan Fennema dy ‘t ús fêst wer ûntroere sil mei har prachtige stim,  Sjoukje Anker en de ploech naaisters steane foar in hast ûnmooglike taak om alle klean te fersoargjen ( en Sjoukje kinnende wurdt it wer wat moais) en  foegje dêr noch in stel entûsjaste spilers oan  ta en jo hawwe alle yngrediïnten foar in spetterjende jûne. Laitsje en gûle sa is it libben en wy  Brantgumers  wolle jimme it gewoane libben sjen litte yn al syn fasetten.
 
 
Foar mear informaasje Kaartferkeap www.iepenloftspulbrantgum.nl
  
Kaartferkeap telefoanysk fan 3 maaie of:       0519-562113
                                                                 0519-292249

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio