Jongerein Fryske Krite – It begûn by de brêge 25 en 26 janewaris · Foto('s): 
zaterdag
26
januari

Jongerein Fryske Krite – It begûn by de brêge 25 en 26 janewaris

vrijdag 04 januari 2019
Locatie: Buitenpost
Begin datum: zaterdag 26 januari 2019 00:00

Begjin 2018 stie der yn de Ljouwerter Krante in stik oer depressiviteit ûnder jongeren. It die bliken dat 45% fan de HBU-studinten hjir lêst fan hat en dat best in grut part der oer tinkt him of har sels te koart te dwaan. Us maatskippij leit in grutte druk om te prestearjen op de jongerein. Dat wie in hiel oar byld fan wat ik fan it studentenlibben hie, lang leve de lol en oan’t moarns betiid yn de kroeg. Ek by de spilers fan de jongereinploech, wie de druk, fan de fersakelikjende maatskippij wêrby kreatifiteit en keunstsinnigheid net op priis stelt wurd, bekend ……

En sa ûnstie it plan om hjir in stik oer te meitsjen dat him ôfspilet yn de sletten ynrjochting fan in sikenhûs sûnder dat it te swier en te dramatysk wurdt. Op de ôfdieling sitte jonge minsken dy’t elk om harren eigen redens dêr belâne binne. Dan giet de telefoan en freget in frommeske tagong ta de ôfdieling. Dit kin fansels net samar, want men moat oan allegear betingsten foldwaan. Mar mei wat help fan in patient kriget se tagong en kin it spul begjinne. Jim sille kennis meitsje mei de oare spilers en it wêrom dat se der binne. Ek sille jim meimeitsje dat se de kâns krije, troch harren keunstsinnichheid en mei help fan de nije patient, wer in takomst op te bouwen.

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio