Jongerein Fryske Krite spilet wrâldpremiêre ”Hotel Droomoord” · Foto('s): Jonas Reitsma
  Jonas Reitsma
zaterdag
27
januari

Jongerein Fryske Krite spilet wrâldpremiêre ”Hotel Droomoord”

woensdag 24 januari 2018
Locatie: Buitenpost
Begin datum: zaterdag 27 januari 2018 00:00

Op sneontejûn 27 jannewaris spilet de Jongerein fan it Kritetoaniel fan Bûtenpost de kluchtige skriller “Hotel Droomoord”. Tegearre mei harren regisseur André Beeksma, Easternijtsjerk, hat it jongfolkje, dat net allinnich út Bûtenpost komt mar ek fan Boerum, Kollumersweach en Dokkum, in meartalige foarstelling betocht en útskreaun en dy wurdt dus foar it earst spile; in wrâldpremiëre.

Hotel Droomoord is mei rjocht en reden in kluchtige thriller. Yn de foarstelling sjogge wy trije jonge minsken dy’t betocht ha om yn harren studintehûs in hotel te begjinnen. De ferwachting is dat troch Kulturele Haadstêd 2018 in protte minsken nei Fryslân komme sille en dat dêr dan in soad jild te fertsjinjen is. Se sette in advertinsje yn de krante en op ynternet, neame it Hotel Droomoord en kin it wachtsjen op de earste gasten mar begjinne. Dan giet de telefoan en set it spul útein. It giet lykwols net hielendal as ferwachte. De gasten ha easken wêr’t net rjocht op rekkene is en alles rint út de hân, of…

Spilers: Johan Moes, Anouk Minnema, Jelly Douma, Dette Hiemstra, Renze Welfing, Laura de Zee, Myrka van der Wal, Dagmar Kingma en Nienke ten Hoven.

The Point – Bûtenpost – 20.00 oere.

  Jonas Reitsma

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio