Keatskommisjepartij yn Nes

zo. 4 augustus · 20:362024 · 20:36 · Archief RTV NOF

NES – Freed hienen we de keatskommisjepartij yn Nes. In seniorenpartij mei in manlju en frouljuklasse wer’t 33 keatsers op ôfkwamen, in moaie opkomst! Ek it waar koe net better. It dielnimmersfjild wie aardig oan elkoar weache dizze jûn, wertroch rûn healwei 10en de lêste bal slein waard.

Ingezonden

Bij de froulju wienen d’r 3 partoer en 1 priis. De krânsen en waardebonnen gienen hjir nei Aletta Keegstra, Paulien Post-Jagersma en Joanne Wijtsma. Bij de manlju (d’r wie 1 dame bij) wienen d’r 3 prizen te ferdielen oer 8 partoer.

1e priis: Oane Dijkstra, Klaas Dijkstra en Erwin Ytsma

2e priis: Doeke Wilman, Sytze Aagtjes en Wietse Vlasman

3e priis: Jan Kooistra, Sietse Allema en Gert van der Meulen.

We geane hjirnei foart troch mei it âlder-bêrn keatsen en de grutte balpartij. Woansdei 7 augustus: âlder-bêrn keatsen (start 13.00 oere), opjaan kin oan’t moandei 19.00 oere. Sneon 10 augustus: De Grutte balpartij(start 13.00 oere), opjaan kin oan’t tongersdei 19.00 oere.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Ingezonden