Lezing tradysje Frysk doarpstoaniel

Vrijdag 01-02-2019
Waar:
Burdaard
Wanneer:
Zondag 17-02-2019
Hast elk grutter Frysk plak hat wol in eigen toanielferiening. Dy spilet yn Fryslân meast Frysktalige stikken. Fryske toanieldialogen waarden yn de 17de iuw al skreaun, dat wy hawwe te krijen mei in lange tradysje.

Yn 1860 waard it earste Fryske toanielstik opfierd en dat wie yn Hallum yn hotel De Valk. Dat wie ek it begjin fan it Fryske Wintejûnenocht. Ut har wenplak Holwert en Burgum wei teagen Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen nei doarpskroegen en –herbergen yn Fryslân om ferdivedaasje en learing te bringen.

It wie ek de tiid dat de earste doarpstoanielferieningen oprjochte waarden. Sy koene har fan 1918 ôf organisearje yn it Boun fan Fryske toanielselskippen. Tsjintwurdich is dy rol weilein foar STAF, de Stifting Amateurtoaniel Fryslân.

Yn de 20ste iuw koe it toaniel fierder groeie en kamen de nije sjenres op, tink mar oan lokaasjeteater, kabaret, toaniel oars as kluchten en it professioneel selsskip Tryater (1965).

Wolle jo mear witte oer de lange tradysje fan it doarpstoaniel yn Fryslân, oer wa’t de liedende figueren wiene en wat der sa al spile waard, oer de funksje fan doarpstoaniel foar de mienskip en foar ús Fryske taal? Dan binne jo wolkom by de lêzing fan Babs Gezelle Meerburg op snein, 17 febrewaris om 15 oere yn it MFC Het Spectrum, Skoallestrijtte 12, 9111 HH Burdaard.

Babs Gezelle Meerburg is learare-oplieder Nederlânsk Frysk oan NHLStenden hegeskoalle. Sy promovearre earder op it mêd fan literatuerskiednis.

Tagong: € 5,00. As jo wolle, kinne jo foar de lêzing de kaarten online bestelle: https://mgtickets.nl/v/756 By de seal betelje kin ek.

terug naar overzicht
Babs Gezelle Meerburg
© Foto's: Katinka Gezelle Meerburg


Vandaag op de radio

00:00-19:00 | RTV NOF Nonstop
19:00-21:00 | Country Trail
21:00-22:00 | Brasstime
22:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
Klik hier voor programma- informatie