‘Nina’ fan Lenoir yn it Frysk · Foto('s): KFFB
  KFFB

‘Nina’ fan Lenoir yn it Frysk

maandag 28 september 2020

LJOUWERT – By de KFFB is de roman ‘Nina’ ferskynd, fan it Frânsk/Italjaanske skriuwersduo Frédéric Lenoir en Simonetta Greggio. In klassyk leafdesdrama dat yn 2013 foar it earst ferskynde yn it Frânsk en no yn it Frysk oerset is troch skriuwer en oersetter Jacobus Knol fan Dokkum.

In roman dy’t begjint mei de sin ‘Adrien hat besletten om jûn te stjerren’ lûkt jo fuort it ferhaal yn. Adrien is in frijfeint fan in jier as fjirtich, dy’t wennet yn Parys. Hy lijt oan it libben. Dat hat foar fierwei it grutste part te krijen mei Nina, syn grutte leafde dy’t er as bern al kennen leard hat, mar dêr’t er noait it relaasje mei krige. It ûntbruts him domwei oan it lef om ta te jaan. Hy beslút ôfskied te nimmen fan it libben en skriuwt in ôfskiedsbrief oan Nina. In dramatysk ferhaal ûntjout him dêr’t de leafde yn alle grutte, lytse, moaie en freeslike foarmen it gesicht sjen lit.

Nina’ is it lêste boek fan Jacobus Knol, seit de oersetter sels. Hy is op leeftiid en hat in lange rige publikaasjes op syn namme te stean, wêrûnder de romans ‘In libben as Styntsje’, dy’t er ûnder pseudonym skreau, ‘In earsten dragonder’ en ‘In opwinend fraachteken’. Syn bekendste oersettingen sille nei alle gedachten de boeken fan de joadske Nobelpriiswinner Elie Wiesel wêze. By de KFFB ferskynde bygelyks yn 1995 ‘De nacht’ en letter ek de beide autobiografieën fan Wiesel.

Knol levere ek in grutte bydrage oan ferskate blomlêzingen út de Fryske literatuer.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio