‘Noas tsjin ‘t glês’ is de nije dichtbondel fan Edwin de Groot · Foto('s): Eigen beeld
  Eigen beeld
RECLAME

‘Noas tsjin ‘t glês’ is de nije dichtbondel fan Edwin de Groot

vrijdag 16 juli 2021

LJOUWERT – By de Afûk is ferskynd de nije dichtbondel Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot (1963, It Hearrenfean). Yn Noas tsjin ’t glês sjocht de dichter: nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht hy ek neat. De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’:

De wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend
soe al noflik wêze en troaikjend
ast him oanreitsje kinst

Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhande ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten. Dat kinne persoanlike tema’s wêze, lykas it ferstjerren fan in broer dy’t ‘as in Ingelske wals (./..) út doarp en sicht ferdwynt’, mar ek maatskiplike ûntjouwingen.
Alles sil op in stuit ferdwine, dat is wol wis, mar ûnferskilligens hoecht gjin rom paad.

Edwin de Groot (1963) wûn al meardere kearen in Rely Jorritsma-priis foar syn poëzy. Earder publisearre hy de dichtbondels Ik skip (2009), Tongfal (2010) en de twatalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas een gelukkig kind (2013). Yn 2016 ferskynde de dicht- bondel Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see. De Groot skriuwt net allinnich yn it Frysk, hy publisearret ek gedichten yn Nederlânske en Flaamske literêre tydskriften.

Boekgegevens
Noas tsjin ’t glês
Auteur: Edwin de Groot
Utfiering: paperback
ISBN: 978 949 315 965 5
Tal siden: 78
Ferkeappriis: € 17,50
www.afuk.frl

Dit is een reclame: deze tekst is niet geschreven door de RTV NOF redactie.
RECLAME
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio