Toanielselskip Nij Begjin út Koatstertille bestiet 75 jier · Foto('s): Nij Begjin
  Nij Begjin

Toanielselskip Nij Begjin út Koatstertille bestiet 75 jier

vrijdag 24 januari 2020

Toanielselskip Nij Begjin út Koatstertille bestiet 75 jier, dit jubileum wolle wy graach mei jo fiere yn MFA Tillehûs yn Koatstertille. Op 31 jannewaris en 1 febrewaris spielje sy in wiere klucht yn trije bedriuwen:

JA IK WOL…..TINK IK

Patricia hat it dokterspraktyk kocht mei finansjele garânsje fan har âlders. Se sit yn in ferbouwing. Patricia is net troud en genietet folút fan it libben. Lucie, har assistente, besiket har yn it gareel te hâlden, mar nei in jûntsje stappen giet it hielendal mis. Patricia har heit wol har net mear finansjeel stypje, dus moat Patricia op syk nei in nije jildsjitter. Nettsjinsteande dat, draait de ferbouwing gewoan troch. Dan betinke Patricia en Lucie in plan om oan jild te kommen, mar of freondinne Janine hjir wol sa bliid mei is…?

Sneon pakke wy wat grutter ut, mei fanselssprekkend it toanielstik, en live muzyk fan: Small Change, dy harren spoaren rûnom neilitten ha, sa binne se de fêste haadact op de P.C. yn Frentsjer om mar in foarbyld te neamen.

Koartom, 75 jier Nij Begjin Koatstertille is in jubileum dat wy graach mei jo fiere wolle, dat wy soenen sizze meitsje tiid en kom nei de utfieringsjunen yn MFA Tillehûs, kaarten oan de seal te keapjen.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio