Twa nije kommisjeleden by steatefraksjes · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Twa nije kommisjeleden by steatefraksjes

woensdag 27 november 2019

By de steatefraksjes fan de VVD en GrienLinks binne hjoed nije kommisjeleden beneamd. In kommisjelid is gjin lid fan Provinsjale Steaten, mar kin wol meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. Ek kin hy of sy út namme fan de fraksje lid wêze fan steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk.

Idske Koopmans-Douma (Aldegea SWF,1982) is troch kommissaris fan de Kening Brok beëdige as kommisjelid foar GrienLinks. Frou Koopmans wennet yn Heech en is wurksum foar in notariskantoar yn Snits. Fierder is se aktyf yn Duurzaam Heeg c.q. Energiecoöperatie Heeg en lid fan de Stuwgroep Warm Heeg.

Foar de VVD is Harry Bevers (Maassluis, 1965) beëdige. Bevers wennet yn Ljouwert en is ûndernimmer yn de ynformaasjesektor. Hy hat ek in sit yn de gemeenteried fan Ljouwert. De VVD hie earder al in kommisjelid yn de persoan fan Esther de Vrij fan de Lemmer. Sy skode troch nei Provinsjale Steaten doe’t Avine Fokkens-Kelder deputearre waard.

Elke fraksje hat de mooglikheid om de earstfolgjende op harren kandidatelist as kommisjelid oan te wizen. GrienLinks is de njoggende fraksje dy’t dêr dizze steateperioade gebrûk fan makket.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio