Aaisikers meie 5.693 ljipaaien meinimme

wo. 19 februari · 16:572014 · 16:57 · Archief RTV NOF

Fan 1 maart ôf meie ljipaaisikers maksimaal 5.693 ljipaaien sykje en meinimme. Dit oantal is basearre op de sifers fan SOVON dy’t de fûgelûndersykorganisaasje niis bekind makke hat. De provinsje hat op 29 jannewaris 2013 it Bûn fan Fryske Fûgelwachten in ûntheffing jûn foar it sykjen en meinimmen fan ljipaaien foar trije jier (2013-2015). De provinsje bepaalt it tal aaien elts jier op ’e nij. Op dat punt wurdt de ûntheffing dan oanpast.

Deputearre Johannes Kramer: “It tal fan 5.693 is berekkene op basis fan it saneamde 1% kritearium. Wat betsjut dat it sifer basearre is op 1% fan it jierlikse stjêrtesifer fan de ljip. Dit bart om foar te kommen dat de stân fan de ljip oantaaste wurdt”. De leden fan de fûgelwacht meie it fjild net yn sûnder in aaisikerspas. Sikers moatte de aaien dy’t se fine melde fia in sms-kontrolesysteem. Der kin socht wurde oant it momint dat it maksimum fan 5.693 berikt is.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.