Aant Jelle Soepboer lijsttrekker FNP gemeenteraadsverkiezingen 2022 · Foto('s): FNP Noardeast-Fryslân
  FNP Noardeast-Fryslân

Aant Jelle Soepboer lijsttrekker FNP gemeenteraadsverkiezingen 2022

vrijdag 26 november 2021

DE WESTEREEN – Aant Jelle Soepboer wordt de lijsttrekker van FNP Noardeast-Fryslân voor de gemeenteraadsverkiezingen 2022. “De kûgel is troch de tsjerke. It siet der fansels oan te kommen mar der moast noch al efkes in definitive klap op fan de leden. Op de digitale ledengearkomste fan de FNP Noardeast-Fryslân op 26 novimber binne de listadvyskommisje en it bestjoer de ôfdieling unanym yn harren foardracht: Aant Jelle Soepboer wurdt de nije listlûker foar de gemeenteriedsferkiezings fan maart 2022.” Sa ferklearret Lolke Folkertsma, foarsitter fan de listadvyskommisje fan de FNP Noardeast-Fryslân.

Mei de bonken yn de klaai
Soepboer sleat him krekt foar de foarige ferkiezings oan by de Fryske Nasjonale Partij en kaam mei in grut tal foarkarstimmen yn de ried. Hy hie doe in dúdlike misje: de fersierde weinen it libben rêde. En dat is krekt wat er die yn de allerearste riedsgearkomste. “Ik hie neat mei polityk mar hie in misje. Dy is slagge. No goed trije jier letter ha ik de smaak te pakken, ha ik myn misje ferromme en wol ik nij elan bringe yn de partij en yn de lokale polityk. De Haach jout op’t heden net in hiel bêst foarbyld, minsken binne der klear mei, en terjochte! Dat kin en moat oars, de polityk hat ferlet fan échte minsken, mei de bonken yn de klaai, dy’t it plattelânsgefoel kinne en witte wat der spilet yn de regio” seit Soepboer dy’t him yntusken ûntwikkele hat ta politikus op lokaal en provinsjaal nivo.

Wethâlderskandidaat
Sittend fraksjefoarsitter Bert Koonstra komt dêrmei, ek om it dualisme syn gerak te jaan, op plakje twa. Koonstra is nammentlik de beëage wethâlderskandidaat. As amtner op it sosjaal domein fan Smellingerlân en mei ûnderfining as ûndernimmer en riedslid is hy de oanwêzen persoan om mooglikerwiis Pytsje de Graaf en Fedde Breeuwsma op te folgjen as wethâlder foar de FNP yn Noardeast-Fryslân. “In wethâlder út de eigen partij en út de eigen omkriten, dy’t de minsken en it gebiet kin, dy’t wâldman en klaaiklút is,” neffens Koonstra.

Huzarenstukje
Ek de rest fan de list is in ‘huzarenstukje’ neffens Folkertsma. “By it gearstallen fan de list ha wy sjoen nei ekspertize en geografyske sprieding. De folsleine gemeente is geweldich fertsjinwurdige en wy ha kundige minsken op alle portefúljes.” Opfallend is dat by de “listlûker + tsien,” sa’t de FNP it omskriuwt, mar leafst seis nije gesichten sitte. De list en it ferkiezingsprogramma sille de kommende tiid fierder presintearre wurde.

De earste alve op de FNP-list
1. Aant Jelle Soepboer (Nijewier)
2. Bert Koonstra (Sweagerbosk)
3. Hanneke Jouta (Ferwert)
4. Anton Buwalda (Dokkum)
5. Femke Meindertsma (Holwert)
6. Johan Dirk van der Schaaf (Kollum)
7. Jaap Postema (Dokkum)
8. Bouwina van Dellen (Eanjum)
9. Jitze Andringa (Aalsum)
10. Fedde Breeuwsma (Dokkum)
11. Pieter van der Bij (Hantum)

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 18:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 18:00 - 19:00
    Lytse Klankjes
    Jikke Wiersma
  • 19:00 - 21:00
    Leafde foar Muzyk
    Klaske Ferwerda
  • 21:00 - 23:00
    De Smachtwacht
    Mark en Frank Spijkers
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio