Achtkarspelen stelt € 6.000 beskikber foar oanskaf Fryske berne- en jeugdboeken · Foto('s): Gemeente Achtkarspelen
  Gemeente Achtkarspelen

Achtkarspelen stelt € 6.000 beskikber foar oanskaf Fryske berne- en jeugdboeken

woensdag 30 september 2020

DROGEHAM – Wethâlder Max de Haan joech woansdeitemoarn it startsein foar de Berneboekewike op basisskoalle De Tarissing yn Droegeham. Hy kaam net mei lege hannen. Hy joech de skoalle in Frysk boekenpakket, wurdich € 200. Hy lies groep 8 in ferhaal foar út it Fryske boek It Spûkskip fan Lida Dykstra. ‘Skoallen en pjutteopfang koene in Frysk boekenpakket oanfreegje by de gemeente’, seit wethâlder Frysk, Max de Haan. ‘Hjirmei wolle wy it (foar)lêzen fan Fryske boeken yn it ûnderwiis stimulearje, want meartaligens yn it ûnderwiis is wichtich.’

Fryske boeken foar skoallen en pjutteopfang
Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hat de gemeente Achtkarspelen besletten om, lykas ferline jier, foar de oanskaf fan Fryske berne- en jeugdboeken € 6.000 beskikber te stellen foar it foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis. De skoallen koene foar € 200 Fryske boeken bestelle en de pjutteopfang foar € 100.

Frysk stimulearje yn it ûnderwiis
Taal en lêzen binne in enoarme motor foar de ûntwikkeling fan in bern. Taal is de basis fan ús kommunikaasje. It helpt ús gear te wurkjen, lit ús ús gefoelens útdrukke en jout kleur oan ‘e maatskippij en sosjale kontakten. ‘Jo kinne sizze dat mear talen prate in oanwinst is. Dêrom stimulearje wy it Frysk op de skoallen,’ seit wethâlder ûnderwiis Jouke Spoelstra. ‘Wêz dêr dus allegearre mar tige grutsk en súnich op!’.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio