Locatie: | Dokkum |
---|---|
Begin datum: | zondag 23 juni 2019 00:00 |
Konsert fan’e froulju fan it Burgerkoor, de Admiraliteitssjongers en de Bonifaciusband op 23 juni yn’e Bonifatiuskapel yn Dokkum om 15.00 oere.
Trije Dokkumer musykgroepen dy’t elk op hun eigen wize dwaande binne mei musyk, jouwe meiïnoar in konsert yn’e Bonifatiuskapel mei in programma foar jong en âld. Apart of meiïnoar wurde d’r bygelyks nûmers út de sechstiger jierren song, mar ek in Fryske grienmank.
Oanlieding is it min of mear tweintichjierrich bestien fan it Burgerkoor, dat de beide oare groepen útnoege hat om dit feestje mei te fieren.