Eigen foto
zondag
03
maart

Fryske Krite Burgum

di. 20 februari · 12:202024 · 12:20
Locatie: Krústsjerke yn Burgum
Begin datum: zondag 03 maart 2024 19:00

BURGUM – Op 3 maart o.s. sil it bekende Kwartettekoar û.l.f. Feike van Tuinen de kantate ‘Hertslach fan in Stjer’ útfiere yn de jûnstsjinst fan 19.00 oere yn de Krústsjerke. De kantate is skreaun troch Eppie Dam. It koar is hjir op útnûging fan de Fryske Krite fan Burgum. Foargonger is dûmny Reinier Tuitman. Foar en nei de kantate sjonge wy mei-inoar inkelde Fryske lieten. It gehiel duorret ûngefear in oere.

De skriuwer sels seit oer de kantate it folgjende: 

“In stjer mei bevend en klopjend hert.
‘De hertslach fan in stjer’ klinkt like kryptysk as fertroud. It bringt de geast op ’e doele, mar oan ’e oare kant ek feilich thús. Sa giet it mei elk fan ús dy’t weet hat fan it mystearje en tagelyk fan alles wat foar de hân leit en yn ús del wol. Dêr binne gjin maklike wurden foar, sels net foar in koar dat stjerren fan de himel sjongt. En dochs stiet dat in koar te dwaan, oars is de sinne fan ’e baan en dôvje stjerren yn ‘t hielal.”

Efkes fierder skriuwt de dichter: “En noch giet altyd wer de sinne op, oer goeden en kweaden, grutten en lytsen, ferhevenen en ûntearden. It is it ljocht fan Hegerhân dat noait in dei ferdwynt en makke is om ús in romme blik te jaan en iendrachtichheid te learen, mocht leafde te heech grepen wêze. En dochs hat leafde it wjerwurd west fan immen dy’t neat witte woe fan it minskdom oan legerwâl. In stjer dy’t skynde, mei bevend en klopjend hert.”

Eltsenien is fan herte wolkom yn dizze bysûndere Fryske tsjinst.

Snein 3 maart 2024 om 19.00 oere yn de Krústsjerke yn Burgum