Heimwee nei Hurdegaryp
Locatie: | Buitenpost |
---|---|
Begin datum: | woensdag 23 maart 2016 00:00 |
Heimwee nei Hurdegaryp is wer werom! Nei suksesfolle foarstellingen op Oerol en yn it eigen gebou, reizget Tryater no mei it stik troch Fryslân.
De rook fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, it geloksgefoel fan sleatsjespringe, beltsjedrukke, in ferske fan BZN: Hoe is it om de ferlerne tiid op ‘e nij mei te meitsjen? Om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn de tiid fan doe.
Heimwee nei Hurdegaryp hellet in ferline út inoar dat inkeld noch mar bestiet as in tizeboel fan tinzen. Twa akteurs sette alle sintugen iepen, litte alle wissichheid los en ferkenne de úteinen fan har bewustwêzen.
Mar binne oantinkens eins wol betrouber? Hoe wie it ‘echt’? In nostalgyske trip oer langstme nei in thúsgefoel, dêr’t werklikheid, oantinken, dream en yllúzje yn trochelkoar rinne.
Regy en konsept Tatiana Pratley, spul Lourens van den Akker en Eelco Venema, foarmjouwing Janne Sterke en muzyk Laurens van der Meulen.
Oanfang: 20.00 oere, lokaasje: sealesintrum The Point.
Kaartferkeap: normaal € 14,00, freonen € 12,50 en CKV/CJP € 10,00.
Ynfo: www.maskelynbuitenpost.nl of tel: 0511 541444.