zaterdag
10
februari

In rûntsje fan ‘Nocht en Wille’ te Blije

vr. 26 januari · 11:082024 · 11:08
Locatie: MFA Fjildsicht
Begin datum: zaterdag 10 februari 2024 19:30

BLIJE – Toanielferiening ‘Nocht en Wille’ fan Blije spilet op sneon 10 febrewaris 3 ienakters op lokaasje en 1 as ôfsluting fan dizze jûn yn it MFA Fjildsicht.

De ienakters wurde op 10 febrewaris spile op lokaasje. Der binne op dizze sneontejûn foar it publyk 3 rûtes útset. Op elke rûte krije de besikers in ienakter te sjen, in stikje muzyk te hearren en in ferhaleferteller. Sa no en dan wolle jo it as toanielferiening krekt even oars as gewoan dwaan. Dus net in jûnfoljend stik mar 4 ienakters. Aju paraplu is in kluchtige ienakter fan M. Westera yn Fryske oersetting en bewurking fan Siebe Siebenga. Yn dizze ienakter is Fokke Krolsma in klant dy’t op syk is nei in frou, hy komt by Douwe Jansma, fertsjintwurdiger yn paraplu’s. Soe soks wol goed komme… Yn de folgjende ienakter Griemerij mei omtinken sjogge wy twa froulju dy’t ta har sels komme wolle. Se wolle aardzje, it hjir en no belibje… Dizze ienakter is skreaun troch Marsha Regensburg en de Fryske oersetting is fan Lammert Dijkstra. Yn de tredde ienakter Tom Tom, skreaun troch Aan Pander, binne twa minsken ûnderweis nei famylje. Se hawwe foar it earst de tom tom mei, mar ja hoe wurket sa’n apparaat eins. Wat moatte jo dêr no yntoetse, soene se wol op plak fan bestimming oankomme… De lêste ienakter is de bekende Skriuwer foar it doarpsbelang fan Trinus Riemersma. Dizze wurdt oan de ein foar alle minsken yn it MFA te Blije spile.

Kaarten foar 10 febrewaris kinne op moandei 29 en woansdei 31 jannewaris tusken 19.00 en 20.00 oere yn it MFA te Blije kocht wurde. Fol is fol. Slagget dat net dan kinne jo op sneon 17 febrewaris de fjouwer ienakters yn it doarpshûs fan Blije sjen, it begjint dan om 19.30 oere. Koartsein twa bysûndere kânsen om de ienakters fan Nocht en Wille fan Blije te besjen.