It Hantumer Ploechje spilet de klucht ‘Ekstra help op de earste help’ · Foto('s): 
donderdag
30
januari

It Hantumer Ploechje spilet de klucht ‘Ekstra help op de earste help’

dinsdag 21 januari 2020
Locatie: Hantum
Begin datum: donderdag 30 januari 2020 00:00

Toneelvereniging it Hantumer Ploechje spilet op freed 30 januaris en op sneon 1 februaris de klucht ‘Ekstra help op de earste help’.

It stik spilet him ôf yn de wachtromte fan in lyts regionaal sikehûs. Dokter Hogebaum is in âlde en nochal ôfwèzige dokter. Hy is hast oan syn pensjoen ta mar mat earst syn opfolger noch ynwurkje.

Dan komt Joop fan it útstjoerburo del om as skjinmakker oan de slach te gean. Hogebaum sjocht him lykwols foar de nije dokter oan en dat hat bizare situaasjes as gefolch.  Joop krijt aardicheid oan syn baan as dokter en docht dan ek syn stjonkende bêst.

Mar wêr is de echte nije dokter en wat foar soarte fan folk komt der net yn it sikehûs del en mei watfoar klachten?

Nella bygelyks, it liket as hat se alle kwalen dy’t mar te betinken binne, wylst har eins neat mankearet. Roel hat in seare tomme, mar hoe is dat sa kommen en is dat de ienige reden dat er delkomt?

Gelokkich is Joke, it haad fan de ferpleging, ien dy’t har mantsje wol stjiet. Tegearre mei Annie, de ferpleechkundige, rêdt se mei de deistige zaken.

Mar hoe komt it at der in ynspekteur fan folkssûnens delkomt en dy driget om de doarren fan nit sikehûs te sluten?

Oant sjen yn de Ald Skoalle yn Hantum op freed 30 januaris as op sneon 1 februaris, jûns om 20.00 ûre.

 

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio