RTV NOF
zondag
18
juli

Literêr túnkonsert yn Twizelerheide

za. 10 juli · 11:202021 · 11:20
Locatie: Twizelerheide
Begin datum: zondag 18 juli 2021 15:30
Eind datum: zondag 18 juli 2021 00:00

Wat is der no nofliker as yn de tún te sitten en wilens nei in moai ferhaal of liet te harkjen? Dat kin op sneintemiddei 18 july by Jaep Meems yn Twizelerheide.

Gerda van der Wijk fertelt in pear Fryske ferhalen fan Hylke Goïnga. Har ferhalen binne faak komysk, tragysk of beide tagelyk en ha nochal ris in ûnferwachte draai oan ‘e ein. Tige nijsgjirrich dus. Melle H. Leegstra fan Jistrum soarget foar de lietsjes. Hy sjongt, neist sels skreaun wurk, ek in tal lieten út ‘De gitaar by it Boek’ fan Fedde Schurer. Gerda en Melle binne, tegearre mei Jaep, fêst fan doel om jo in moaie middei te besoargjen. Nim graach jo eigen túnstoel mei en hâld rekken mei in kollekte nei ôfrin. Wit jo wolkom!

Wannear?       Snein 18 july om 15.30 oere.
Wêr?               Yn de tún fan Jaep Meems oan it Jinkepaed yn Twizelerheide.