Masquerade: Brêge nei Frijheid
Locatie: | Dokkumer Nije Silen |
---|---|
Begin datum: | vrijdag 20 juni 2025 00:00 |
Eind datum: | zondag 29 juni 2025 00:00 |
DOKKUMER NIJE SILEN – Brêge nei Frijheid is alwer de tolfde foarstelling fan Masquerade Theater Jongerein. Wy woene dit jier graach in foarstelling meitsje oer 80 jier frijheid. Dêrfoar hawwe wy ús ynspirearje litten troch wier barde ferhalen fan jongerein út ús mienskip. Al liket de oarloch fier fuort, frede en frijheid binne net fanselssprekkend. Brêge nei Frijheid wurdt spile op in prachtige lokaasje dy’t foar de foarstelling omtsjoend wurdt ta ien grut toaniel: de Sylsterwei 35 yn Dokkumer Nije Silen. Ekstra bysûnder is dat it ferhaal him hjir ek deels ôfspile hat.
It motto fan Masquerade is ‘fan, foar en troch jongerein’. Oeral klinkt harren stim yn troch. Sy spylje, sjonge en dûnsje yn ús produksjes. Ek helpe sy mei mei it bouwen fan it dekor, de technyk, PR en it skriuwen fan it skript. Mei-inoar meitsje wy (Frysktalige) jûnfoljende foarstellings. Mei sukses, Masquerade hat al trije kear in Gouden Gurbe wûn en hiel wat talinten binne by Masquerade begûn.
Wy binne der grutsk op dat de regy fan dizze bysûndere edysje fan Masquerade teater fersoarge wurdt troch Oetsen van der Veen, âld-lid fan Masquerade. De muzikale begelieding is krekt as ferline jier yn hannen fan Ella de Jong en Herman Woltman. It skript is skreaun troch ûnderskreaune. Dat is mar in lyts part fan de minsken dy’t op of efter de skermen meiwurkje om der mei inoar in bysûndere produksje fan te meitsjen. Wy hoopje dat jo der by binne om ús jeugd skitterje te sjen yn Brêge nei Frijheid.
Noch ien kear alle gegevens op in rychje:
De premjêre fynt plak op 20 juny 2025. De oare foarstellings binne op 21, 22, 27, 28 en 29 juny.
Ynrin fan 19:30 oere ôf, de foarstelling begjint om 20:00 oere en duorret oant 22:30 oere (mei skoft).