Masquerade Theater Spillet “Yn Tiid Werom”
| Locatie: | Kollumersweach |
|---|---|
| Begin datum: | vrijdag 01 juli 2016 00:00 |
“Yn tiid werom” is it nije iepenloftspul fan Masquerade Theater. It stik is in spannende humoristyske detective en spilet him ôf in de jierren ’20. It giet oer jazz-sjongeres Rita Kooyenga-Deutekom. Har man, Mors Kooyenga, is dea, moarsdea. Rita hat mei har komponist Piebe Bakker in earbetoan oan har man skreaun. Se wol hjirmei har comeback meitsje mei har band Rita en de Rakkers.
Der giet lykwols wat mis. Rita fielt har net goed. Gelokkich is dokter Jemme Frisius derby; hy kin earste help ferliene. Komt it wer goed mei Rita? Wurdt it riedsel oplost of bliuwt it in mystearje?
Kaartferkeap is by de Spar yn Kollumersweach maar kin ek fia de mail: reserveren@masqueradetheater.nl of skilje tusken 19 en 21:30 oere mei de Masquerade Theater tillefoan. 06-20102701
Meer ynformaasje is te finen op www.masqueradetheater.nl of folgje Facebook en Twitter.
Spyldata:
1 july Premjere
2 july
3 july* (sukses/minwaar opsje)
8 july
9 july
10 july* (sukses/minwaar opsje)