Eigen foto
woensdag
06
april

Pier 21 – “Life is beautiful”

do. 31 maart · 16:162016 · 16:16
Locatie: Buitenpost
Begin datum: woensdag 06 april 2016 00:00

Nei De Emigrant en Feteranen op’e nij in foarstelling fan Pier 21 yn Bûtenpost. Yn 2014 ferstoar de âldste oerlibjende fan de Holocaust: de 110-jierrige Joadske pianiste Alice Herz-Sommer. In unike frou dy’t in grinsleaze libbensfreugde hie, nettsjinsteande har ferbliuw yn konsintraasjekamp Theresienstadt yn de Twadde Wrâldoarloch.

Klaasje Postma fertelt it oangripende en muzikale libbensferhaal fan Alice Herz-Sommer. Pianiste Pauli Yap frisselet wurken fan û.m. Bach, Beethoven en Schumann troch it stik. Komposysjes dy’t Herz-Sommer sels spile, dy’t har rêding wienen en in boarne bleaune fan treast en enerzjy. ‘Life is beautiful’ wie it motto fan Herz-Sommer en is no in prachtich en persoanlik stik oer de frijheid om te kiezen, fertriet, optimisme, tankberens en humor.

‘Life is beautiful’ wurdt spile yn it Frysk, mei inkelde koarte passaazjes yn begryplik Dútsk en Ingelsk. Tekst en spul Klaasje Postma, piano Pauli Yap en regy Gerard Wolters.

Dei: woansdeitejûn 6 april 2016
Oanfang: 20.00 oere, lokaasje: sealesintrum The Point
Kaartferkeap: € 18,00
Info: 0511 541444 – www.maskelynbuitenpost.nl