woensdag
18
maart

Tryater spilet Thúsfront

do. 5 maart · 14:432015 · 14:43
Locatie: Buitenpost
Begin datum: woensdag 18 maart 2015 00:00

Tryater spilet op woansdei 18 maart om 20:00 Thúsfront, oer it loslitten fan bern, yn The Point yn Bûtenpost. Kaarten binne te keap by Dropshop Liquorice, 0511-541444 en www.tryater.nl. Thúsfront is skreaun troch Romke Toering, basearre op ynterviews dy’t hy mei âlders fan militêren út Fryslân hie. Sa prate hy ek mei Harke en Pytsje de Graaf-van der Meer út Ternaard. Harren soan Ruurd waard twa kear útstjoerd nei Afghanistan.

Thúsfront wurdt spile troch Lourens van den Akker, Thijs Feenstra, Nynke Heeg, Lysbeth Welling en Lianne Zandstra. Romke Gabe Draaijer en Raymond Muller komme foarby op fideo. De Leeuwarder Courant skreau oer Thúsfront: ‘In spannende, oangripende foarstelling oer minsken dy’t by ús om ‘e hoeke wenje’, en it Friesch Dagblad: ‘Hertstochtlike foarstelling’ .

Regisseur Silvia Andringa: ‘Thúsfront fertelt de ferhalen fan gewoane minsken, dy’t yn bysûndere omstannichheden komme. Oer âlden en bern dy’t har yn koarte tiid los fan mekoar meitsje moatte. Net om’t se dêr oan ta binne, mar om’t de omstannichheden har dêr ta twinge. Heit en mem wurde troch har folwoeksen bern foar it blok set. Bern dy’t troch de âlden idealisearre wurde of just ferstikt. En allegear mei de bêste bedoelingen. Net ien mient it ferkeard en dochs dogge se mekoar sear. Der is moed foar nedich om ien los te litten en in eigen kar meitsje te litten. Dat gefjocht rekket my.’