AUDIO: Alle inwoners Waaxens willen geen Friese plaatsnaam · Foto('s): Peter Tromp
  Peter Tromp

AUDIO: Alle inwoners Waaxens willen geen Friese plaatsnaam

vrijdag 11 juni 2021

WAAXENS – Het dorpsbelang van Waaxens is niet te spreken over de verandering van de plaatsnaamborden en zouden graag hun eigen naam willen behouden. “Alle ynwenners fan Waaxens wolle de âlde namme hâlde”, zo laat het dorpsbelang van Waaxens weten. 

“De gemeente is der om problemen op te lossen, mar dit is absolút gjin probleem”, vertelt Lammert Dijkstra.

De volgende argumenten melde het dorpsbelang van Waaxens: 

Wat is der op Waaksens tsjin?

Earstde betizing dy’t ûntstean sil om’t yn’e Greidhoeke ek in doarp leit dat as WaaKSens skreaun wurdt. Ferskate kearen hawwe reizigers op wei nei ús WaaXens in rare omwei fan ien as twa oeren meitsje moatten om’t se earst yn dat oare WaaKSens bedarren. En waard post mei fertraging besoarge om’t it adres earst yn dat oare doarp socht waard.

Twadde historisiteit fan de skriuwwize. De earste midsieuske fermeldingen fan ús doarp wiene al Waaxens, of Waexens. Dat wie gjin Nederlânske mar in Latynske gewoante, likegoed as Harinxma, de grutste lânhear yn Waaxens en omkriten syn namme mei in X skreau en dy X bewarre bleaun is yn de  Harinxmawei. (Dêryn dus wol!). De X dy’t jimme fuort ha wolle is gjin Nederlânske mar in  histoaryske skriuwwize, likegoed as yn Boxmeer en Boxtel en wittefolle oare nammen. Nei alle gedachten komt de X út it Latyn wei, dat as skriuwtaal yn’e âlde tiden brûkt en letter ek deftich wie. Elkenien dy’t yn besteande registers, yn katalogi, boeken of argiven nei WaaKSens siket rint yn earste oanliz stomp om’t ús doarp dêr troch de ieuwen hinne allinnich as WaaXens skreaun is.

Tredit taalbelied dat mear brûken fan it Frysk neistribbet, sjit har doel foarby. Net as it ynhâldlik nammeferoaring foarstelt (Hantummerútbuorrren ynstee fan  Hantummeruitburen) mar ál mei in letterkeferoaring. Net-Friezen sjogge WaaXens earder as apart en dêrom wol as Frysk, en  sjogge yn WaaKSens gjin Frysk mar in skriuwwize dy’t yn it Nederlânsk alhiel net frjemd is. Súderlingen miene sels dat it har eigen is en sa krigen wy ek wol post adressearre oan WaaSKens.

Koartsein, de gemeenteried moat de betinkingen fan de bewenners hifkje oan syn belied en dan in saaklike beslissing nimme. Net op grûn fan emoasjes foar of tsjin it Frysk, want dêr gjit it yn ús gefal hielendal net om, mar op grûn fan de mooglike oerlêst en ek fan de tradysje. In namme is in product fan it ferline. As dat ferline ferhollânsking wie is der in reden om dermei ôf te weevjen. WaaXens is lykwols gjin produkt fan ferhollânsking, sa’t boppeneamde ‘uitburen’ dat wol is.

Wy stypje de gemeente yn syn befoardering fan it Frysk. Frysk as yn it deistich libben brûkte taal, en net as geveltsje-fryskfertoan.

Dêrom freegje wy, bewenners, foar de namme fan ús doarp in útsûndering.

Beluister hier het audio gesprek met Lammert Dijkstra: 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio