AUDIO: Fêste Grûn: Wy binne ûnterjochte fuortset as aksjegroep
DE WESTEREEN – Zestig miljoen euro wordt er verdeeld om de gevolgen van de gaswinning bij Ternaard te compenseren.
DE WESTEREEN – Zestig miljoen euro wordt er verdeeld om de gevolgen van de gaswinning bij Ternaard te compenseren. Die verdeling wordt gedaan door een gebiedscommissie. De commissie bestaat uit vertegenwoordigers van de Dorpsbelangen van Wierum en Ternaard, LTO, HZPC, corporatie Thús Wonen en de gemeente, de provincie en het Wetterskip. De door anderen voorgedragen belangenvereniging Fêste Grûn zit hier niet in. De Weekend Nieuwsshow belde hierover met bestuurslid Douwe Anema.
‘Wy ha in útnûging hân op it gemeentehûs, by ús boargemaster Kramer, om kennis te meitsjen. Wy hiene wat fragen oer de gearstalling fan de kommisje. Dêrop ha wy gjin antwurden krigen. In betankje koe der net ôf, it ienige wat wy te hearren krigen ha is dat wy meitsje gjin gebrûk fan jim. Dat fûl is ôf, twaentweintich doarpsbelangen binne wy wurdfierder fan, sy ha ús ek om stipe frege, wy ha acht jier lang ekspertize. Dat is no yn ien kear troch de boargemaster fuortfeegd en sy kinne no gjin gebrûk mear meitsje fan de klup fan Fêste Grûn.’
‘Wy ha ús ferdjippe hoe’t de kommisje eigenlik wurke. Yn dy kommisje sitte allegearre amtners fan it Wetterskip, provinsje en gemeente. Dy ha útsocht wa’t yn de kommisje kaam. Dy ha allinne mar minsken socht dy’t loyaal oan de amtlike polityk binne, mar de echte fertsjinwurdigers binne bûtenspul setten. Wat ik it slimste fyn is dat ús boargemaster, yn in brief, ús fuortset hat as seinde in aksjegroep. Ha hat reagearre op in brief dy’t er 2 july stjoerd hat en wy ha de brief pas 3 july stjoerd. Dus dy brief lei gewoan klear. Wy ha gjin inkele kâns hân om ús te ferdigenjen en binne fuortset as in aksjegroep, omdat wy tsjin gaswinning binne. De gemeente provinsje en Wetterskip ha har útsprutsen tsjin gaswinning, en no wurdt ús no om de earen smiten dat wy tsjin gaswinning binne. Besteande gaswinning is der, wy moatte sjen dat wy wat foar de mienskip betsjutte kinne, en wurde wy hjir op ôfserfeard. De boargemaster hat in juridyske eftergrûn, mar hy my earst wolris op kursus, om syn kennis by te spikerjen.’
Luister hier naar het audiofragment met Douwe Anema van Fêste Grûn:
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.