Be-Quick D 35+ wint Skildersbedriuw Nutma toernoai
Op inisjatyf fan Arnold Nutma wie der ôfrûne freedtejûn, om it seizoen 2014-2015 ôf te sluten, in toernoai tusken de ploegen De Westereen 35+, Wykels Hallum 45+, Be-Quick D 35+ en de ploech dêr’t sponsor Arnold Nutma sels diel fan útmakket Ropta Boys 45+. Spitichgenôch siet it waar in bytsje tsjin, mar der hiene de rûtiniers net folle lêst fan. Der is efkes moai fuotballe troch de fjouwer sântallen mei Be-Quick D 35+ as úteinlike winner.
Op inisjatyf fan Arnold Nutma wie der ôfrûne freedtejûn, om it seizoen 2014-2015 ôf te sluten, in toernoai tusken de ploegen De Westereen 35+, Wykels Hallum 45+, Be-Quick D 35+ en de ploech dêr’t sponsor Arnold Nutma sels diel fan útmakket Ropta Boys 45+. Spitichgenôch siet it waar in bytsje tsjin, mar der hiene de rûtiniers net folle lêst fan. Der is efkes moai fuotballe troch de fjouwer sântallen mei Be-Quick D 35+ as úteinlike winner.
Barbecueë
Nei ôfrin fan it toernoai hie sponsor Arnold Nutma in treflike barbecue regele. Elkenien koe hearlik barbecueë nei trije wedstriden fan fiifentweintich minuten fuotbaljen. Der wie mear as genôch salade en fleis en it wie bearegesellich nei ôfrin yn ‘e kantine fan de v.v. Ropta Boys. Wy hawwe sels ûnder lieding fan in spiler fan De Westereen oan it sjongen west. Miskien wolle jimme it as lêzer net leauwe, mar it bewiis is fêstlein mei de mobile telefoan fan Grietsje Dijkstra. Op har Facebook side kinne jimme sjen dat de measten mear kinne as allinne fuotbaljen. Tusken it barbecueë troch hawwe wy noch in pear rûnen rêd fan fortún spile mei ek nochris prachtich moaie prizen. Benei elkenien wûn ek noch in moai pryske. It wie yn ien wurd in prachtige ôfsluting mei grutte tank oan sponsor Arnold Nutma fan Skildersbedriuw Nutma Skilders út Mitselwier. It wie super foar inoar.
Wedstriden en einstân
Ik soe hast ferjitte dat der ek noch moai en sportyf fuotballe is en dat de ploegen mei de jongste spilers dochs it bêste foar de dei kamen. De útslaggen steane hjirûnder opskreaun.
Ropta Boys 45+ – De Westereen 35+ 1 – 2
Wykels Hallum 45+ – Be-Quick D 35+ 1 – 3
Ropta Boys 45+ – Wykels Hallum 45+ 1 – 1
De Westereen 35+ – Be-Quick D 35+ 1 – 3
Ropta Boys 45+ – Be-Quick D 35+ 0 – 1
Wykels Hallum 45+ – De Westereen 35+ 2 – 7
De einstân:
Be-Quick D 35+ 3 – 9 (7 – 2)
De Westereen 35+ 3 – 6 (10 – 6)
Ropta Boys 45+ 3 – 1 (2 – 4)
Wykels Hallum 45+ 3 – 1 (4-11)
Om noch efkes oer ús eigen sântal Ropta Boys 45+ te skriuwen. De earste twa wedstriden wiene net super, mar dochs koe Ropta Boys 45+ goed partij jaan oan De Westereen 35+. Nei in 0-2 efterstân kaam Ropta Boys troch in doelpunt fan Theunis Linthof noch tichteby in lykspul.
De twadde wedstriid tsjin Wykles Hallum wie it spul min. In hiele soad maklike ballen kamen gewoanwei net oan. Nei de 0-1 efterstân troch Johan Nutma fan Wykels Hallum, wie it syn broer Arnold Nutma fan Ropta Boys dy’t efkes letter de stân lyk luts mei in doelpunt foar de 1-1 einstân.
De lêste wedstriid tsjin Be-Quick D wie de beste wedstriid fan de trije. Ropta Boys spile goed en krige goeie kânsen op doelpunten. Allinnich de keeper fan Be-Quick D wie hiel goed en hold syn goal skjin. Be-Quick D skoarde úteinlik mei in moaie kombinaasje de ienige goal fan ’e wedstriid. Sa kaam der in ein oan it seizoen fan Ropta Boys 45+. It folgjende seizoen hoopje wy wer mei nije moed fierder te gean.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.