Berneboek Akkie yn ’e winter
LEEUWARDEN – By útjouwerij Bornmeer ferskynt dizze wike it orizjinele Fryske berneboek Akkie yn ’e winter, skreaun troch Debbie van Elden en yllustrearre troch Els van Elden.
LEEUWARDEN – By útjouwerij Bornmeer ferskynt dizze wike it orizjinele Fryske berneboek Akkie yn ’e winter, skreaun troch Debbie van Elden en yllustrearre troch Els van Elden.
Op in wintermoarn wurdt Akkie wekker en sjocht se dat de wrâld bedobbe is ûnder in flink pak snie! Dêr wol Akkie fansels neat fan misse en se giet sa gau mooglik nei bûten. Akkie wol mei de slide fan de heuvel ôf, mar oft dat no wol sa’n goed idee is…
Debbie van Elden is fan jongs ôf drok dwaande mei taal, en dat komt dúdlik ta utering yn de troch har skreaune gedichten en ferhalen. Els van Elden is biblioteekmeiwurkster yn it noarden fan ’e provinsje. Sy seach dat it oanbod fan Fryske boeken einlings mar frij beheind is, dat sy wie fuortendaliks wakker entûsjast doe’t har dochter foarstelde om tegearre in berneboek te meitsjen. Sa waard Akkie berne, in nijsgjirrich famke dat graach op aventoer giet op it Fryske plattelân. Akkie yn ’e winter is it twadde berneboek oer Akkie. Ferline jier ferskynde Akkie op ’e pleats.
Debbie van Elden – Akkie yn ’e winter (mei yllustraasjes fan Els van Elden)
Utjouwerij Bornmeer | ISBN 978 90 5615 737 1 | hurd kaft | full colour | 28 siden | € 7,90
Te krijen by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.